Springe nei ynhâld

Boarchgreve

Ut Wikipedy

Boarchgreve is in aadlike titel dy't heger yn rang is as baron, mar leger as greve. In froulike boarchgreve of de frou fan in boarchgreve is in boarchgrevinne. In gebiet dat troch in boarchgreve regearre wurdt, hjit in boarchgreefskip. Fan 'e Iere Midsiuwen ôf beklaaiden boarchgreven in militêre bestjoersfunksje foar in lienhear, dy't ferlykber wie mei de befelfierend kommandant fan in garnizoen. De oantsjutting 'boarchgreve' kaam fuort út it feit dat in garnizoen doedestiden yn 'e regel legere wie yn in boarch of in oarsoartich fort. Stadichoan ûntjoegen boarchgreefskippen har ta erflike funksjes, wêrnei't de titel syn oarspronklike betsjutting ferlear. Yn it Ingelsk en Frânsk hjit in boarchgreve in viscount, resp. in vicomte.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.