Springe nei ynhâld

Blohm & Voss BV 141

Ut Wikipedy
Blohm & Voss BV 141


Rol Ferkenningsfleanmasine, lichte bommesiter
Makker Blohm & Voss
Untwerper Richard Vogt
Earste flecht 25 febrewaris 1938
Yn tsjinst 1938
Tal makke 38
Brûker Luftwaffe

De Blohm & Voss BV 141 wie in Dútsk ferkenningsfleanmasine út de Twadde Wrâldkriich, makke troch de Dútske fleanmasinefabryk Blohm & Voss.

It fleantúch falt bot op troch syn asymmetryske foarm mei de observaasjekabine njonken de motor. De kabine hie grutte pleksyglêzen ruten en allinne oan bakboard siet in sturtwjuk.

De Bv 141 syn earste flecht wie 25 febrewaris 1938. Hoewol't it tastel goed prestearre, waard it nea grutskalich makke. Dat hie te krijen mei it net ta foldwaan hawwen fan de foarkarmotor en de konkurrinsje fan in oar ferkenningsfleantúch, de Focke Wulf Fw 189. Der binne totaal mar 38 fan makke; der is net ien fan oerbleaun.

Technyske feiten (BV 141 B)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
BV 141 B
  • Bemanning: 3
  • Lingte: 13,95 m
  • Spanwiidte: 17,46 m
  • Hichte: 3,60 m
  • Fleugeloerflak: 53 m²
  • Leechgewicht: 4700 kg
  • Startgewicht: 5700 kg
  • Oandriuwing: 1 x BMW 801 fan 1560 hk
  • Grutste faasje: 438 km/o op 3.500 m
  • Fleanberik: 1900 km
  • Tsjinstplafond: 10.000 m
  • Klimfaasje: 570 m/min
  • Bewapening: 2 x MG 17-masinegewearen + 2 x MG 15; 4 x 50 kg bommen ûnder de fleugels

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]