Springe nei ynhâld

Blessebrêgeskâns

Ut Wikipedy
Blessebrêgeskâns
De Blessebrêgeskâns
De Blessebrêgeskâns
lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Fryslân
Gemeente Weststellingwerf
plak De Blesse
bysûnderheden
type plak Festingwurk
subtype Skâns
diel fan Fryske Wetterliny
skiednis
stifte 1582
archeology
eigendom It Fryske Gea
lânkaart
Blessebrêgeskâns (Weststellingwerf)
Blessebrêgeskâns

De Blessebrêgeskâns (Stellingwerfsk: Blesbroggeschaans) is in âlde ferdigeningsskâns oan de Linde tusken Wolvegea en De Blesse.

De skâns waard oanlein yn de Tachtichjierrige Oarloch, yn 1582, en makke diel út fan de Fryske Wetterliny, dy’t troch hiel Súdeast-Fryslân rûn.
Yn it boek ‘Toneel des Oorlogs’ út 1675 stiet de Blessebrêgeskâns ôfbyld as in heale stjerreskâns. Nettsjinsteande it fûleinich besykjen fan de biskop fan Münster, better bekend as Bommen Bearend, om Fryslân yn te fallen, die bliken dat de Fryske Wetterliny it ynfaazjeleger tsjin hâlde koe. Ek doe't de Blessebrêgeskâns yn 1673 fan Münsterske troepen fernield waard en de liny trochbrutsen waard, slagge it de biskop fan Münster net Fryslân te ferôverjen.[1]

Nei in proefûndersyk yn 2009 waard yn 2010 it archeologysk ûndersyk nei de resten fan de Blessebrêgeskâns fuortset. By opgravings by De Blesse is in granaat út de 17e iuw foar it ljocht kaam. De granaat is yn 1672 troch de troep fan de Biskop fan Munster ôfsketten op in skâns fan de Fryske wetterliny. Neist de granaat waard der ek in sulveren ring fûn, mar de grutste ûntdekking fan archeolooch Ko Lenting wie it ferdigeningswurk sels. Der waarden plannen makke om de skâns werom te bringen yn it lânskip. Op 5 novimber 2010 wie de iepening fan de nij opmakke Blessebrêgeskâns. By de útfiering fan it projekt wiene Wetterskip Fryslân en eigener It Fryske Gea belutsen.[2]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. ADC ArcheoProjecten; Bouma, N.; Prangsma, N.M. ; Nijdam, L. ; Nooijen, C. ; Melkert, M.J.A. (2009-03-19), De Blessebrugschans te Blesdijke, gemeente Weststellingwerf, sjoen 6 july 2010.
  2. weststellingwerf.nl Blessebrugschans