Bleeker Hûs
Bleeker Hûs | ||
bouwurk | ||
It Bleeker Hûs yn 2012 | ||
lokaasje | ||
Gemeente | Smellingerlân | |
plak | Drachten | |
adres | Moleneind ZZ 11 | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | went | |
boujier | 1806 | |
monumintale status | Ryksmonumint | |
monumintnûmer | 33975 |
It Bleeker Hûs, hjoed-de-dei almeast Bleekerhûs neamd, is in hûs oan it Mûnein yn Drachten. It waard yn 1806 boud as dokterswent foar Dirk Harts van der Meer.
It pân waard yn 1952 neamd nei dokter Hendrik Willem Bleeker (1876-1944) dy't it as wen- en praktykromte brûkte. Hy wie in singelier man; fan 1904 oant 1944 oefene er syn praktyk út. Hy wie net allinne dokter, mar ek drankbestrider, learaar oan de Rykskweekskoalle en mei-oprjochter en dosint fan de Folksuniversiteit.[1]
It gebou is yn de rin fan de tiid oan de bûtenkant net feroare. Lâns de foargevel fan it Bleekerhûs steane noch de oarspronklike, mei keatlings ferbûne stoeppeallen. De yngongspartij fan it gebou ûnder dwerskap wurdt bekroand mei in klokgevel. De foardoar, in paneel-fleugeldoar mei boppeljocht, stiet tusken pilasters dy't de útstekkende ferdjipping stypje. Yn de linker topgevel binne trije gevelstenen mitsele, dêr't ien fan it jiertal 1641 draagt. Boppe de stegedoar oan dy kant sit in byldhoud kopke mei fleugels. Rjochtsachter it pân is it eardere koetshús.[1]
De dokterswent waard yn 1952 it ûnderkommen fan de âldheidskeamer fan de gemeente Smellingerlân (letter museum) 'It Bleekerhûs' en wie ek it plak yn Drachten wêr't De Stijl en Dada oan it publyk toand waard. Yn 1979 ferhuze it ta 'Museum Smallingerland' (no Museum Dr8888) omneamde museum nei de oare kant fan it Mûnein, nei it eardere gemeentehûs.
Sûnt is der in toskedokterspraktyk yn it Bleekerhûs fêstige.[2]
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Bleekerhûs, Drachten fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|