Springe nei ynhâld

Blauwe Stientsjespoel

Ut Wikipedy

De Blauwe Stientsjespoel (Stellingwerfsk en offisjeel: Blauwe Stientiespoele) is in dobbe of marke yn de Blauwe Bosk yn de gemeente Eaststellingwerf. De dobbe leit yn 'e himrik fan De Haule en falt ûnder Steatsboskbehear. De Blauwe Bosk (ek: Haulerfjild) is sa'n 300 ha grut en bestiet út heide, dobben en nuddelbeammen en leafbeammen. Troch de blau-eftige sparren is de bosk oan syn namme komd.

De namme Blauwe Stientiespoele jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Blauwe Stientjes.