Springe nei ynhâld

Blêd (plant)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Blêd (planten))
De blêden fan in bûkebeam.

In blêd (mt. de blêden, it blêdt(e) of it blêd) is in diel fan rintfearren (farens) en siedplanten, dat oan 'e ein fan 'e stâle of tûke sit en yn 'e regel grien fan kleur is, mei in platte, ovalige foarm. It ferfollet ferskate funksjes, wêrfan't de wichtichsten fotosynteze en de ferdamping fan wetter binne. Mei help fan fotosynteze wurdt yn blêden ûnder ynfloed fan sinneljocht út koalstofdiokside en wetter glukoaze makke, wylst by dat proses soerstof frijkomt. Dêrnjonken wurdt yn blêden troch de ferdamping fan wetter en de dêrmei mank geande kapillariteit de tastream fan fiedingsstoffen út 'e woartels nei de top op gong holden.

Blêden komme foar yn in ferskaat fan foarmen, mjitten en stannen. De nullen fan nullebeammen binne ek in soarte fan blêden. Fierders hawwe moassen krektlyk in soarte fan blêden, mar dat binne eins gjin echte blêden mar organen fan 'e gametofyt, dy't ek yn bou sterk ôfwike fan 'e blêden fan rintfearren en siedplanten. Oare plantaardige organismen, lykas algen, ûntwikkelje gjin blêden, hoewol't by guon brúnwieren, lykas kelp, wol deeglik blêdeftige struktueren oanwêzich binne. Dy meie as it derop oankomt lykwols net betize wurde mei echte blêden.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.