Bingen (Washington)
Appearance
| Bingen | ||
| Bingen yn Klickitat County | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | Feriene Steaten | |
| Steat | Washington | |
| County | Klickitat County | |
| Boargemaster | Betty J. Barnes (2014) | |
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 730 (2013) | |
| Oerflak | 1,81 km² (ynkl. wetter) 1,61 km² (allinne lân) | |
| Befolkingsticht. | 443,4/km² | |
| Hichte | 40 m | |
| Oar | ||
| Stifting | 1892 | |
| Postkoade | 98605 | |
| Tiidsône | Pacific (PST)UTC-8 | |
| Simmertiid | UTC-7 | |
| Koördinaten | 45°42´55´´N 121°28´00´´W | |
| Offisjele webside | ||
| Offisjele webside fan Bingen | ||
Bingen is in plak (city) yn it súdwesten fan Klickitat County yn de steat Washington, Feriene Steaten. It plak leit oan de rivier de Kolumbia en leit 2 km beëasten White Salmon en sa'n 100 km beëasten de stêdekloft fan Portland-Vancouver.
It plak ûntstie nei it ûntwerp fan Theodor Suksdorf yn 1892 en hy neamde it doarp nei Bingen-am-Rhein yn Dútsklân. Bingen waard op 18 april 1924 offisjeel in stêd.
Bingen (Washington) wurdt útsprutsen as /ˈbɪndʒən/, neffens it Dútske dat as /ˈbɪŋən/ útsprutsen wurdt.
De grutste wurkjouwers yn it stedsje binne: SDS Lumber Company, Underwood Fruit en Insitu.
Bingen leit oan State Route 14. It hat ien fan 2 trein stasjons fan Amtrak op it projekt tusken Vancouver en Pasco.[1]