Springe nei ynhâld

Betheltsjerke (Assen)

Ut Wikipedy
Betheltsjerke
Lokaasje
provinsje Drinte
adres Groningerstraat 14
Assen
koördinaten 52° 59' N 6° 33' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Kristelike Grifformearde Tsjerken
Arsjitektuer
arsjitekt J. Smallenbroek
boujier 1901
boustyl eklektisisme
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 469365
Webside
Side Kristlik-grifformearde tsjerke
Kaart
Betheltsjerke (Assen)
Betheltsjerke

De Betheltsjerke oan 'e Grinzerstrjitte yn Assen is in tsjerkegebou fan 'e kristlik-grifformearde gemeente. De oarspronklik as synagoge boude tsjerke stamt út 1901 en is sûnt 1994 in ryksmonumint.

Gevelstien dy't de bou as syngoge betinkt.

Om't harren synagoge út 1832 te lyts waard, lieten de joaden fan Assen yn 1901 in nijen-ien bouwe. De opdracht waard jûn oan Jan Smallenbroek, dy't in eklektysk gebou ûntwurp. Opperrabbyn Abraham van Loen naam de synagoge yn gebrûk by in feest dat trije dagen duorre. In grut part fan de Asser joaden waard yn 'e Twadde Wrâldkriich deportearre en fermoarde en yn 1943 waard de gemeente opheft.

Oargel.

Nei de befrijing naam it synagogebestjoer it beslút om it gebou te ferhieren oan 'e frijmakke-grifformearde gemeente, dy't it gebou op 12 maaie 1947 yn gebrûk naam. Yn 1951 kochten de frijmakke grifformearden it gebou oan. Doe't de gemeente ferhûze nei de Noardertsjerke kaam de Betheltsjerke yn 'e ferkeap. It bleau jierren leech stean en brûkt foar de opslach fan meubilêr.

Yn 1975 baarnde De Ark, it gebou fan 'e ûnôfhinklike baptistengemeente, ôf. Likernôch trije jier brûkten de baptisten in diel fan 'e Betheltsjerke, oant hja harren eigen gebou wer yn gebrûk nommen.

De ôfbraak drige foar de eardere synagoge, doe't de Kristlike Grifformearde Tsjerke harren âlde tsjerke oan 'e Kanaalstrjitte 37 yn 1979 ferruilden foar it tsjintwurdige gebou.[1] De tsjerke waard ferboud en renovearre en sûnt funksjonearret it as it tsjerklik sintrum fan 'e kristlik-grifformearde gemeente. Doe't de baptisten harren tsjerke op 'e nij troch brân kwyt rekken, fûnen se op 'e nij tydlik ûnderdak yn 'e Betheltsjerke oant yn 2007 harren eigen gebou foltôge waard.

Assen is ien fan 'e gemeenten yn Nederlân dy't mei de saneamde stroffelstiennen har fermoarde joadske ynwenners betinkt. By de Betheltsjerke is sûnt 2012 in plakette dy't útlis jout oer de eardere funksje fan 'e Betheltsjerke.

It oargel yn 'e tsjerke waard yn 1980 boud troch de firma Kaat & Tijhuis út Kampen. It ynstrumint is op in eigentiidske wize bassearre op wurk fan Andreas Silbermann (1678-1734) en syn soan Johann Andreas (1712-1783). De oargelkas fan read-brún skildere oregan-pine folget it skema fan dat fan Silbermann's oargel fan it kleaster Marmoutier yn 'e Elzas. It fykwurk oan it oargel waard makke troch frijwilligers. Op 5 jannewaris 1982 waard it oargel offisjeel yn gebrûk nommen.[2]

Keppelingen om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: nl:Bethelkerk (Assen)