Springe nei ynhâld

Beskerming Befolking

Ut Wikipedy
Foarljochting BB yn it Polygoonsjoernaal, 1961

De Beskerming Befolking, koartwei BB, wie it gehiel fan net-militêre maatregels ta beskerming fan de befolking, har besittings en de besittings fan iepenbiere lichems tsjin de direkte gefolgen fan oarlochsgeweld en natoerrampen.

BB-oefening yn 1954

De BB hie in kearn fan meiwurkers yn oerheidstsjinst, fierders bestie de organisaasje út frijwilligers. Yn 1956 hie de BB goed 160.000 frijwilligers. Der wiene likernôch 200.000 meiwurkers nedich om de organisaasje yn it wurk te hâlden. Nettsjinsteande in yntensive aksje slagge it net om genôch minsken te winnen.

In oare taak dy't de oerheid oan de BB jûn hie wie it foarljochtsjen fan boargers. Begjin fyftiger jierren waard noch útgien fan in oarloch mei konvinsjonele wapens, mar sûnt de twadde helte fan de fyftiger jierren waard dúdlik dat de Tredde Wrâldoarloch nei alle gedachten mei atoomwapens útfochten wurde soe. Nettsjinsteande in yntinsive wervingsaksje slagge it net om de organisaasje kompleet te krijen. Wylst wie de militêre ferûnderstelling ek feroare. Nederlân moast him tariede op de mooglikheid fan in atoomoarloch. Der waard in nij tsjinstfek oprjochte, de A-B-C tsjinst (Atomêr, Bakteriologysk en Gemysk). Dêrfoar wienen sawat 40.000 ekstra goed treende funksjonarissen nedich. Yn 1952 waard de BB wetlik regele, wizige yn 1955 en 1957. Om it doel te berikken waard yn 1958 begûn mei it ynfieren fan de needwachtplicht. Boargers waarden ferplichte om diel te nimmen oan de organisaasje BB. Stadichoan fedwûn de frijwilliger út de organisaasje. Troch it ynfieren fan de needwachtplicht kaam de organisaasje yn koarte tiid op sterkte. Oant it opheffen fan de organisaasje yn 1985 bliuwt de needwachtplicht fan krêft.

Yn Fryslân binne trije rûnten: meardere gemeentes foldogge mienskiplik oan de BB-ferplichtingen. De boargemasters foarmje de rûnteried, neist de rûnteried stiet in kommando ûnder lieding fan in Haad Beskerming Befolking. Meardere gemeentes, wêrûnder faker Opsterlân, hawwe beswier makke tsjin de wetlik ferplichte útjeften foar de BB.

Yn Fryslân wienen bunkers yn Grou, It Oranjewâld en Snits. Yn de santiger jierren wienen der sawat 7000 wachten en needwachtplichtigen. Yn 1985 waard de BB opheft.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: