Springe nei ynhâld

Bertrie Wierenga

Ut Wikipedy
Bertrie Wierenga
akteur
Bertrie Wierenga as 'Goaitske fan Goaitsen' yn de film Stjer
Bertrie Wierenga as 'Goaitske fan Goaitsen' yn de film Stjer
persoanlike bysûnderheden
echte namme Bertrie Wierenga
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 26 oktober 1989
berteplak Ljouwert
reg. identiteit flagge fan Fryslân Frysk
jierren aktyf 2013-no
prizen Televizier-Ring 2023
offisjele webside
https://www.bertriewierenga.nl

Bertrie Wierenga (Ljouwert, 26 oktober 1989) is in Fryske aktrise en model.

Wierenga waard berne yn Ljouwert en ferfear op lettere leeftyd nei Hurdegaryp. Al jong woe se aktrise wurde. Sa wie hja op 10-jierrige leeftijd al te sjen yn de musical Oliver Twist fan Joop van den Ende. Ek sleat se in jeugddûnsoplieding yn Fryslân súksesfol ôf. Sûnttiids wie Wierenga yn meardere lytsskalige teäterproduksjes te sjen en wie se fjouwer jier lang lid fan de showmusical-dûnsgroep Dance Explosion.

Wierenga wurke yn dizze perioade ek as model. Hja rûn ûnder oare foar Addy van den Krommenacker en Oso Couture en wûn in 2008 de modellewedstryd Next Mata Hari.[1]

Yn de jierren dêrnei folge se ferskate aktearopliedings. Yn 2013 spile Wierenga de haadrol Fredau Buwalda yn de koarte film Paradise now foar it '48 Hour Film Project'.

Neist aktearjen hat Wierenga besocht om in sjongkarriêre op te bouwen; sa hat se online meardere nûmers covere en die se yn 2016 audysje by The Voice of Holland. [2]

Yn 2017 wie Wierenga yn lytse rollen te sjen, wêrûnder yn Moordvrouw, B.A.B.S. en Meisje van plezier. Hja hie in gruttere rol yn de rige Celblok H. Boppedat wie se dat jier as haadrol te sjen yn de koarte film Paf foar it 48 Hour Film Project, dy rol levere har in nominaasje op foar 'bêste aktrise'.

Yn 2018 spile Wierenga gastrollen yn De Spa en De Kameleon.

Wierenga krige yn 2019 by it grutte publyk bekendheid doe ’t se de rol fan Shanti Vening fertolke yn de RTL 4-soap Goede tijden, slechte tijden. Yn 2017 wie se al yn de soap as in oar personaazje yn in gastrol te sjen. [3][4]

Yn 2021 docht se mei yn de Fryske aksjekomeedzjefilm Stjer yn de rol fan resersjeur Goaitske fan Goaitsen. Yn 2023 wûn Bertrie in Televizier-Ring foar bêste akteur.[5]

Film as aktrise
Jier Produksje Rol Opmerkingen
2013 Paradise now Fredau Buwalda Koarte film foar 48 Hour Film Project
2017 Paf Marrit Pieters Koarte film foar 48 Hour Film Project
2017 Huisvrouwen bestaan niet ûnbekend gastrol
2021 Stjer Goaitske fan Goaitsen resersjeur
Televyzje as aktrise
Jier Produksje Rol Opmerkings
2017 Moordvrouw sjoernaliste gastrol
2017 B.A.B.S. servearster gastrol
2017 Celblok H Mel de Groot byrol
2017 Meisje van plezier escortfamke gastrol
2017 Goede tijden, slechte tijden onenightstand fan Job Zonneveld gastrol
2018 De Spa klant gastrol
2018 De Kameleon plysjefrou byrol
2019-no Goede tijden, slechte tijden Shanti Vening haadrol

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Hurdegarypse wint Next Mata Hari www.waldnet.nl, (5 novimber 2008)
  2. Auditie Bertrie Wierenga bij The Voice of Holland, RTL.nl, (11 november 2016)
  3. Nieuwe GTST-dame zorgt voor reuring in soapdorp Meerdijk RTLboulevard.nl, (8 jannewaris 2019)
  4. Sexy Shanti is nieuwe inwoonster GTST-dorp Meerdijk, Algemeen Dagblad, (8 jannewaris 2019)
  5. Omrop Fryslân, 13-10-2023, Aktrise Bertrie Wierenga wint Televizier-Ring