Bert Tinge

Ut Wikipedy
Bert Tinge
sjonger en/of muzikant
persoanlike bysûnderheden
echte namme Bert Tinge

Bert Tinge (Aldehaske, 1938) is in Fryske sjonger, multy-ynstrumintalist producer en lietsjeskriuwer. Yn 2011 ferhuze hy fan De Like nei Zevenhuizen yn Grinslân.

Hy wie oprjochter fan de band De Specials, dy't sûnt de sechstiger jierren populêr wie yn benammen de noardlike provinsjes. Ek as solist hat er it nedige wurk ôflevere, wêrûnder it Frysktalige album In Mûdhûn yn 'e Reinwettersbak mei nûmers as It Aldershûs, Ik kom út Fryslân en Simmer 2000. Hy trede ek op mei/as Duo De Blaaspijpjes, Hollandse Nieuwe en De Flipperkoning en ûnder de namme Antonio Gomez Fernandez. Tinge spile tromboane yn Big Band '67.

Tinge sjongt ek Fryske lietsjes as It jonkje en Wrâld fan goud. Yn 2011 waard hy opnij aktyf mei syn band De Specials.

Lietsjeskriuwer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tinge skreau ûnder mear it liet Heya Jan Bols (foar reedrider Jan Bols) en Ajax wint de wereldcup foar fotbalklup AFC Ajax). 't Geeft allemaal niks wáard in karnavalskreaker yn 1974. Syn Laat Ons Weer Eens Juichen út 1974 skreau er by gelegenheid fan de 250ste wedstryd fan fuotballer Hugo Hovenkamp. It wurdt sjoen as it (offisjeuze) clubliet fan FC Groningen. Sa waard it yn 2021 troch de fans fan FC Groningen keazen as grutste FC-hit fan alle tiden.[1]

Fierders levere hy teksten oan ûnder mear it Apollo Trio en de Ariba's.

Tinge is ek producer, arranzjeur en eigener fan de Special Sound Recording Studio en fan it Special Sound label. Bert Tinge is in broer fan sjonger Emanuel (Menno) Tinge.

Diskografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Singles
  • Is er dan niemand (die er iets aan doet) / Mijn zoon (CNR 145 171, 1985)
  • Niets meer te zeggen / Voorbij (Special Sound 4880, 1984)
  • Hoe kon dit ons gebeuren / Mijn hele leven (Special Sound 4728, 1983)
  • Zaltbommel / Wanner kom ons troudag, Gertie (Special Sound / Dureco 4763, 1983)
  • De ster / Verliefd, verloren (Special Sound 46 28 / Artone ART 25 035, 1982)
  • Lekker flipperen / Ik zie de zon (CNR 144 813, 1981)
  • Ik maak het helemaal vandaag / Zeg nog niet tot ziens (Telstar 3305 TF, 1981)
  • Hoera, je bent deejay! / waar komt dat konijn vandaan? (Telstar 1981, 1974)
CD
  • In mûdhûn yn 'e reinwettersbak (PRCD 200011, 2000)

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. 'n Beeld – Bert Tinge, dekrantnieuws.nl, 15 juny 2021