Apollo Trio

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

It Apollo Trio fan De Jouwer wie in bandsje dat benammen yn it lêste fearnspart fan de 20e iuw bekend wie yn Fryslân.

Apollo waard yn 1969 oprjochte troch Tjeerd Hooisma, dy 't letter spile yn Duo Sunrise. Oare bandleden fan it trio wiene Sietse Melen en Willem de Jong. Yn de oarspronklike besetting - mei Foeke Middendorp - waarden allinnich Fryske lietsjes spile. Bert Tinge levere ûnder oare de teksten, wêrûnder it bekende Nynke. Tinge wie lieder fan de band The Specials dy't ein sechtiger jierren populêr wie yn de noardlike provinsjes. Om 1981 hinne kaam Tietsia Brandenburg út Arum der as sjongster by.

Nei 1982 waard it Apollo Trio eins in oare band mei de Ljouwerter Johan Postma (slachwurk) Berend Balkema (toetsen) en Hettie Bouwmeester (sang).

Diskografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Dat beetje geluk / Een bruiloft zonder gasten (Ivory Tower ITS 394, 1991)
  • Mama, is het ver naar de hemel? / Een huisvrouw is nooit vrij (Ivory Tower ITS 379, 1990)
  • Het kleutergrafje achter op het kerkhof / Kom terug (1990)
  • We dansten tot diep in de nacht / Een avond om nooit meer te vergeten (Ivory Tower ITS 356, 1989)
  • Op een tropisch eiland / Levenslang en 14 dagen (1989)
  • Ik verlang geen rode rozen / 4 kleine woorden (1988)
  • Samen in een bootje / Alles was spel (1988)
  • Adio amore / Met anemonen (1987)
  • Een klein momentje / Leven en laten leven (1987)
  • Een huis met een tuintje / Alleen nog maar een foto (1986)
  • Morgen / Zaterdagavond (1982)
  • It is wer simmer / Oh Wietske (1981)
  • Au revoir mes amis / Apollo-polka (1980)
  • Fryske polka - Ik bin mar in hippy / Friese polka (1979)
  • Ik bin in Fries / Jitske v.d. Meulen (1978)
  • Op it wetter / Brune wietske (1977)
  • Ik kom út Fryslân / Mata Hari (1976)