Bert Steen
Bert Steen (Rotterdam, 1 septimber 1937) is in keramist út Zwanenburg.
By syn oplieding oan de kweekskoalle ûntdekte hy syn leafde foar plastiken en klaai. Nei jierren yn it middelber en heger ûnderwiis is hy fanwege syn sûnens stoppe. en is nei 1980 in soad mei kearamyk dwaande.
Hy is begûn mei kursussen en workshops yn draaien en waard sadwaande in echte pottebakker. It wurk befredige lykwols net, hy woe mear geometryske foarmen meitsje en kraste figueren yn de skalen en potten dy't sa relief krigen. Dat brûkte er ek by syn hânfoarme wurk. Sa makket er alle jierren ek dieropdrachten yn opdracht, wêrûnder ynsekten foar Wageningen yn 2006. Yn syn 'skilderijen' en yn de 'tuorren' siket er nei abstraksje, krektas by syn minskfigueren.
Yn 2001 en 2002 makke hy yn ferbân mei Tolkiens ferhaal Lord of the Rings, in searje objekten, wêrûnder it drinkfet fan Sauron dat macht en pompeusheid symbolisearret.
Eksposysjes fan him wienen ûnder oare te sjen yn galerys 'Súd' (Harskamp), 'Guido de Spa ( 1997, Amsterdam, De Burcht (Brugge) en 'Meent Art Gallery' (Hilfertsom).
-
Toer
-
Feanmol
-
Kaperskip út "Yn de ban fan de ring"
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |