Berlynske Loftbrêge

De Berlynske Loftbrêge wie de kampanje fan de Feriene Steaten en Grut-Brittanje om West-Berlyn te befoarriedzjen tusken 26 juny 1948 en 12 maaie 1949, yn de tiid fan de Kâlde Kriich.
Midden yn de Sovjet-besettingssône fan Dútslân lei Berlyn, dat nei de oerwinning fan de alliearden op nazi-Dútslân opdield wie yn in Amerikaanske, in Britske, in Frânske en in Sovjet-sektor. Doe't yn de westlike besettingssônes de D-mark ynfierd waard, ferklearre Stalin dat dat yn striid wie mei de mienskiplike ôfspraken. De oanlieding fan it ûntstean fan de loftbrêge is dat Stalin besletten hie om de blokkade fan Berlyn yn te fieren.
Totaal waard fan juny 1948 oant maaie 1949 sa'n 2,3 miljoen ton fracht, 1,44 miljoen ton stienkoal, 490.000 ton libbensmiddels en 160.000 ton boumaterialen foar it útbouwen fan de lofthavens ferfierd. Under likernôch 278.000 flechten kamen 78 minsken om by ûngemakken (31 Amerikanen, 41 Britten en 6 Dútsers).
- Douglas C-54 Skymaster lânet op fleanfjild Tempelhof, 1946
- C-47s op Tempelhof, 1948
- Amerikaanske soldaten lade in fleantúch mei molke ornearre foar West-Berlyn
