Berjocht oerlis:Ynfoboks tsjerkegenoatskip 1
Appearance
Is it mooglik om te sjen hoe faak en wêr't dizze boks brûkt wurdt? Mathys1995 (oerlis) 23 mrt 2018, 19.56 (CET)
- @Mathys1995: Ik haw efkes rûchwei socht op 'tsjerkegenoatskip' en kom dan allinne út by in tal tsjerkegenoatskippen dy't oanmakke binne troch Ieneach. Drewes (oerlis) 23 mrt 2018, 20.07 (CET)
- @Mathys1995: Jo kinne altyd sjen wêr't in ynfoboks brûkt wurdt troch op 'e side fan it oangeande berjocht yn 'e fertikale sydbalke oan 'e linkerkant fan jo byldskerm ûnder it kopke 'Helpmiddels' te klikken op 'e link "Wat is hjirmei keppele?"
- Mar as jo fan doel binne om (myn) besteande ynfoboks te ferfangen troch jo nije ynfoboks, dan wol ik jo eins dochs even ôfremje. Ik sjoch earlik sein net yn hoe't dizze nije ynfoboks in ferbettering is. By jo gemeentebox hiene jo dingen deryn set dy't yn myn âlde gemeenteboks ûntbrieken, lykas de sitteferdieling fan 'e gemeenterie. Dat wie in dúdlike ferbettering, hoewol't ik wol fyn dat der yn jo gemeentebox troch it weilitten fan 'e tuskenkopkes wat oersichtlikheid ferlern giet. Itselde gou foar jo lannebox, dêr't jo it folksliet en sa tafoege hiene, dat yn 'e lannenboks ûntbriek dy't ik foar Austraalje en sa makke hie.
- Yn it gefal fan 'e tsjerkegenoatskippen binne ús ynfoboksen lykwols suver ien-op-ien útwikselber; der stiet hast presys itselde yn, dat earlik sein snap ik net wêrom't jo it nedich fûnen om yn dit gefal sels in boks te meitsjen. Mar goed, dat makket neat út, dat stiet jo folslein frij. Mar as ik no kieze moat tusken jo boks en mines, dan kies ik dochs foar dy fan my, want dy fyn ik oersichtliker. Lang ferhaal koart: op 'e siden dy't ik oanmakke en/of yngeand bewurke haw (en dat is it hiele rychje dat jo hjir ûnder "Wat is hjirmei keppele?" tsjinkomme mei as iennichste útsûndering Tsjerke fan Ierlân) wol ik graach myn eigen ynfoboks hâlde. Dat wol net sizze dat ik jo it gebrûk fan myn ynfoboks opdringe wol, beslist net, mar oan 'e oare kant ferwachtsje ik dan wol dat jo my it gebrûk jo ynfoboks ek net opdringe.
- Om't myn ynfoboks de namme Berjocht:Tsjerkegenoatskip al beset, stel ik foar dat jo jo boks omneame ta Berjocht:Ynfoboks tsjerkegenoatskip, dan kinne se moai njonkeninoar bestean. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 23 mrt 2018, 23.02 (CET)
- @Ieneach fan 'e Esk:Ja, de foarmjouwing bliuwt fansels altyd in kwestje fan foarkar, en dêrom fyn ik it ek wol moai dat der meardere boksen besteane kinne foar itselde ûnderwerp. Ik wit dat jo it bygelyks moaier fine om de ynhâld fan boksen mei lytse letters te skriuwen, wylst ik dêr net sa wei fan bin. Dêrom lit ik dy fan jo ek moai stean en ha ik de nije op in aparte side setten. De nije boks hat eins wol wat mear mooglikheden, mar dat is, sa't jo no wol begripe sille, alhiel net de reden dat ik dy oanmakke ha. Oars hie ik fansels dy fan jo ek wol útwreidzje kinnen. It giet my der mear om dat ik wat eksperimintearje kin mei de tabellen fan de Wikipedy, sûnder de besteande ynfoboks (generyk) dêrfoar te brûken. En hokker boks as jo dan op in side delsette is my fansels om it even. Ik sil de side even omneame, en dan rêd ik my earst wol wer even tocht ik. Tige tank! Mathys1995 (oerlis) 24 mrt 2018, 00.05 (CET)
- @Mathys1995: Gjin tank. Ik fyn it hartstikkene moai dat we soks op in normale manier útprate kinne (dat haw ik yn it ferline mei oare meidoggers wolris oars meimakke). En eksperimintearje mei fansels altyd. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 24 mrt 2018, 00.20 (CET)