Berjocht oerlis:Plotbedjer
Wikipedianen,
Normaal bin ik net sa fan it geëamel oer taal, mar by dit berjocht foelen my dochs trije dinkjes op:
- Der is in hiel soad wat bedjerre kin, mar ferhalen neffens my net.
- 'Op eigen ferantwurding' wat dwaan klinkt wol wat swier.
- Neffens my is dit in artikel of in side, gjin boekbesprek.
Ik soe der soksawat fan meitsje Yn it neikommende part fan dizze side binne eleminten út it plot/ein fan it ferhaal beskreaun. Groetnis --Kening Aldgilles (talk) 26 feb 2013, 18.38 (CET)
- Sit wat yn. Drewes (talk) 26 feb 2013, 19.31 (CET)
No goed, ik haw dit berjocht optocht, dat ik sil mar eefkes myn eigen abbekaat spylje.
- Nei myn tinken kinne ferhalen bêst bedoarn wurde as je de ôfrin al witte foar't je it lêzen hawwe. Ik bin net sa fan 'e sportferlikings, mar wat dat oangiet, liket it wol wat op in fuotbalwedstryd: dêr wurdt ek gauris in warskôging jûn foar't de útslaggen fan 'e dei op tillevyzje foarlêzen wurde, want as je de wedstryd noch sjen wolle en je witte de útslach al, dan is it foar je bedoarn. Sa is it ek mei ferhalen. As je al witte hoe't it ôfrint, is de spanning (of alteast in grut part dêrfan) fuort.
- De fraze "op eigen ferantwurding" bin 'k net mei troud. Wa't wat betters wit, mei it sizze. Salang't it boadskip mar dúdlik bliuwt, fansels.
- En wat "boekbesprek" oangiet, dêrmei bedoel ik net de hiele side, mar inkeld de tekst ûnder it kopke "plot". Yn it foarste plak fyn ik it in moai wurd, mar ik besef dat dat yn dit ramt net ta de saak docht. Mar fierders haw ik dit berjocht bedoeld om middenyn de beskriuwing fan 'e plot fan in boek te setten, sadanich dat de tekst derfoar yn oare bewurdings ek op 'e achterflap fan it oangeande boek te lêzen stiet, wylst der yn 'e tekst dy't folget dingen ferklapt wurde dy't de spanning út it ferhaal helje.
No sille de measte lju wierskynlik dochs wol trochlêze, mar it liket my wol sa fatsoenlik om eefkes in warskôging te jaan. Ieneach fan 'e Esk (talk) 27 feb 2013, 14.28 (CET)
- "op eigen ferantwurding" - moat it sels (mar) witte? Fiel jo frij, ik lis der net wekker fan. Drewes (talk) 27 feb 2013, 14.37 (CET)
Miskien dat ik mei "plot-bedjerrende eleminten" te ûndúdlik west haw. Wat tinkt jim fan:
It neikommende part fan dit plotbesprek wurdt de ôfrin yn beskreaun. As jo fan doel binne om it ferhaal te lêzen en jo wolle de spanning bewarje, dan moatte jo de rest fan 'e plotbeskriuwing op dizze side oerslaan.
Ik fyn it sels in bytsje lang en omslachtich; dêrom hie ek "Lês fierder op eigen ferantwurding" dien, dat is koart en krachtich. Ieneach fan 'e Esk (talk) 27 feb 2013, 14.44 (CET)
- Ik ha der in nije tekst fan makke. De tekst like nei myn betinken wat tefolle op in oersetting. Niks mis mei, mar ik ha der no 'gewoan' Frysk fan makke. As myn setten wat te rûch binne moatte jim it foaral sizze, ik wol dêr altyd wol rekken mei hâlde. Groetnis --Kening Aldgilles (talk) 31 des 2013, 13.13 (CET)