Berjocht:Wisten jo dat/wike 47

Ut Wikipedy
  • ... Abe Lenstra ek trener west hat fan SK It Hearrenfean? Hy wie in skoftsje intrim-trener en fuotballer.
  • ... der alle fiif moannen earne op ierde in sinnefertsjustering sichtber is? Likernôch ien kear yn de 16 moannen is der in folsleine sinnefertsjustering.
  • ... it Deenske eilân Faaneach it noardlikste fan alle bewenne eilannen yn 'e Waadsee is?
  • ...dat der yn de stêd Grins yn earder tiden in rûne tsjerke stien hat (de Sint-Walburgtsjerke) mei in trochsneed net folle lytser as de Dom fan Aken? Se waard yn 1627 sloopt.