Berjocht:Side fan de wike 2022/wike 51
De Fraser (Halkomelem: Stó:lō, argaysk ek: Staulo; Dragersk: Lhtakoh; Tsjilkotin: ʔElhdaqox) is in grutte rivier yn it súdlike part fan 'e Kanadeeske provinsje Britsk-Kolumbia, dy't in gebiet fan 220.000 km² ûntwetteret. De Fraser ûntspringt yn 'e Fraserpas, yn it Provinsjaal Park Mount Robson yn 'e Rocky Mountains, en streamt dêrwei oer in ôfstân fan 1.375 km mei twa grutte knikken nei it noardwesten, dan nei it suden en úteinlik nei it westen ta. Yn 'e Fraser Canyon snijt er tusken it Kustberchtme en de Cascades troch, om úteinlik de Stille Oseaan te berikken by de Strjitte fan Georgia. Oan 'e mûning fan 'e Fraser leit de stêdekloft fan Vancouver. De Fraser is de op tsien nei langste rivier fan Kanada, dy't op jierbasis 112 km³ wetter nei see liedt en dêropta 20 miljoen ton oan sedimint.