Berjocht:Side fan de wike 2022/wike 41

Ut Wikipedy

De wite haai (wittenskiplike namme: Carcharodon carcharias), ek wol minskehaai neamd, is in haai út it boppeskift fan 'e helmhaaien (Galeomorphi), it skift fan 'e makrielhaaien (Lamniformes), de famylje fan 'e hjerringhaaien (Lamnidae) en it skaai fan 'e minskehaaien (Carcharodon). Folwoeksen eksimplaren kinne in lingte fan mear as 8 m berikke, en dêrmei is it de grutste moderne rôffisk (hoewol't der gruttere fossilen weromfûn binne). Wite haaien komme foar deunby it oerflak yn wetters fan tuskenbeiden oant waarme temperatuer. Se libje by de kusten lâns en yn iepen see yn alle trije oseänen en de Middellânske See, mar ûntbrekke yn 'e seeën fan 'e poalstreken.

Wite haaien steane yn see oan 'e top fan it fiedingskeatling en hawwe as natuerlike fijân inkeld de orka. De wite haai is berucht om't er ferantwurdlik is foar de measte oanfallen op minsken, al liket it dêrby foar it meastepart om misidentifikaasje (fan minsken as seesûchdieren) te gean of om in út 'e hân rûne nijsgjirrigens. Nettsjinsteande de ynkorrekte ynformaasje dy't horrorfilms as Jaws de wrâld yn holpen hawwe, binne minsken beslist net de favorite proai fan wite haaien. Krektoarsom: troch bejaging troch minsken is de wite haai mei de status "kwetsber" opnommen yn 'e Reade List fan 'e IUCN.

Lês fierder