Berjocht:Side fan de wike 2021/wike 35

Ut Wikipedy

De Dútske mark (Dútsk: Deutsche Mark; útspr.: ['dɔʏʧə 'maɐ̭k], likernôch: "daai-tsjuh maak" mei de Klaaifryske 'aai'; Lûdsfragmint beharkje), formeel ôfkoarte ta DM mar ek faak D-Mark neamd, wie de offisjele muntienheid fan it weriene Dútslân fan 1990 oant 2002, en dêrfoar fan West-Dútslân fan 1948 oant 1990. Dizze munt waard ynfierd ûnder de Alliëarde besetting fan Dútslân nei de Twadde Wrâldoarloch, en kaam doe yn it plak fan 'e ryksmark. De Dútske mark ûntjoech him fan likernôch 1960 ôf ta ien fan 'e sterkste en stabylste muntienheden fan 'e wrâld, en it wie by banksaken nei de Amerikaanske dollar de meast brûkte ynternasjonale reservemunt. Yn 2002 waard de Dútske mark ferfongen troch de euro. De Dútske mark waard útjûn troch de Deutsche Bundesbank en wie ferdield yn hûndert pfennige oftewol peinjes.

Lês fierder