Springe nei ynhâld

Berjocht:Side fan de wike 2020/wike 43

Ut Wikipedy

Sir Terry Wogan (folút: Michael Terence Wogan; Limerick (Ierlân), 3 augustus 1938Taplow (Ingelân), 31 jannewaris 2016) wie in Iersk radio- en tillefyzjepresintator, dy't it grutste part fan syn karriêre yn Ingelân foar de BBC wurke. Hy waard ek bûten de Britske Eilannen bekend mei syn praatprogramma Wogan en mei syn ferslaggen fan it Eurofyzjesongfestival, dat er yn 1998 ek sels presintearre doe't it yn Birmingham holden waard. Yn 2009 wiene der 8 miljoen minsken dy't geregeldwei ôfstimden op syn radioprogramma Wake Up to Wogan; dêrmei wied er de bêst belústere radiopresintator fan Jeropa. Yn 2005 liet er him ta Brit naturalisearje sûnder syn Ierske nasjonaliteit op te jaan. Hy stoar begjin 2016 oan kanker.

Lês fierder