Springe nei ynhâld

Taplow

Ut Wikipedy
Taplow
De sabeare-midsiuwske parochytsjerke út 1911.
De sabeare-midsiuwske parochytsjerke út 1911.
Bestjoer
Lân Ingelân
flagge fan it Feriene Keninkryk Feriene Keninkryk
DistriktSouth Bucks
GreefskipBuckinghamshire
Sifers
Ynwennertal1669 (2011)
Oerflak11,22 km²
Befolkingsticht.150 / km²
Oar
TiidsôneUTC+0
SimmertiidUTC+1

Taplow is in plak en civil parish yn it besjoerlik gebiei South Bucks, yn it greefskip Buckinghamshire, oan de Teems tsjinoer Maidenhead, sa'n 35 km bewesten Londen. Tichtby Taplow leit de bûtenpleats Cliveden.

By it plak leit in bekend geologysk fynplak, South Lodge Pit, weromgeand oant de lette Kryt (perioade)Krytperioade.

De namme Taplow is oarspronklik angelsaksysk en betsjut Tæppa's hill ('Grêfhichte fan Tæppas'); de Angelsaksyske Grêfhichte fan Tæppa kin noch besocht wurde. De wichtige artefakten dy't dêr fûn binne hat it Britsk Museum op 'e noed. Taplow wurdt neamd yn it Domesday Book fan 1086 as Thapeslau. It tichteby lizzende Taplow Court nearby is ek it plak fan in heuvelford út de iere Izertiid en it plak fan it manor house.

William Grenfell, 1ste Baron fan Desborough wenne yn Taplow Court. Oanswettend leit Cliveden, it eardere hûs mei park fan Nancy Astor. Hûs en park Cliveden binne iepen foar it publyk en wurde beheard troch de National Trust, hoewol't in part fan it haadgebou ek brûkt wurdt as ûnderkommen foar hege funksjonarissen dy't yn it Feriene Keninkryk op besite binne.

Yn 1883 waarden in tal wichtige fynsten dien yn in Angelsaksysk keningsgrêf, te ferlykjen mei fynsten yn Prittlewell, Broomfiled en Sutton Hoo.

Taplow ferlike
2001 UK CensusTaplow wardSouth BucksIngelân
Befolking1,58461,94549,138,831
Berne yn it bûtenlân14.9%12.2%9.2%
Blank96.1%93.4%90.9%
Aziatysk2.3%4.5%4.6%
Swart0.0%0.4%2.3%
Kristlik73.4%75.6%71.7%
Moslim0.4%1.1%3.1%
Hindû0.8%1.2%1.16
Gjin religy17.1%12.5%14.6%
Wurkleas1.3%1.9%3.3%
Pinsjoen12.7%14.8%13.5%

Persoanen yn Taplow

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Terry Wogan (1938–2016), Iersk-Britsk radio- en tillefyzjepresintator stoar yn Taplow

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]