Springe nei ynhâld

Berjocht:Side fan de wike 2020/wike 11

Ut Wikipedy

Allahabad (Lûdsfragmint beharkje), dat sûnt oktober 2018 offisjeel Prayagraj hjit en ek wol bekendstiet as Illahabad en Prayag, is in stêd yn it súdlike part fan 'e Yndiaaske steat Uttar Pradesh. It leit binnen dy steat yn 'e difyzje Allahabad en is it haadplak fan it distrikt Allahabad. Yn Allahabad is it heechgerjochtshôf fan Uttar Pradesh fêstige. De stêd, dy't datearret út 'e Aldheid, leit oan 'e gearfloeiïng fan 'e rivieren de Ganges en de Yamuna, en is ien fan 'e hillichste plakken fan it hindoeïsme, dêr't eltse tolve jier tsientallen miljoenen pylgers gearkomme foar it Kumbh Mela-festival. Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2011 hie Allahabad doe in befolking fan goed 1,1 miljoen minsken, wêrmei't it de op seis nei grutste stêd fan Uttar Pradesh is en de op 37 nei grutste stêd fan Yndia. As stêdekloft, dus alle foarstêden ynbegrepen, hie Allahabad yn 2011 sa'n 1,2 miljoen ynwenners.

Lês fierder