Berjocht:Side fan de wike 2019/wike 35
Súd-Dakota (Ingelsk: South Dakota; útspr.: [saṷθ də'koʊtə], likernôch "saus de-koo-te"), offisjeel de Steat Súd-Dakota (Ingelsk: State of South Dakota), is ien fan 'e fyftich steaten dy't mei-inoar de Feriene Steaten fan Amearika foarmje. Súd-Dakota wurd byneamd de Coyote State (nei de prêrjewolf of koyote) of ek wol de Mount Rushmore State, nei it ferneamde monumint fan Mount Rushmore. De steat is ien fan 'e Dakota's en leit yn it noarden fan it lân. Súd-Dakota wurdt ta de gruttere regio fan it Amerikaanske Midwesten rekkene. De haadstêd is Pierre, mar de grutste stêd is Sioux Falls. Neffens in skatting út 2014 hie de steat doe 853.000 ynwenners, wêrmei't it kwa befolkingsgrutte de 46e steat fan 'e Feriene Steaten is. Oangeande oerflak is Súd-Dakota mei krapoan 200.000 km² de 17e steat. Súd-Dakota stiet bekend om it Mount Rushmore-monumint, de Black Hills, de grutte Yndianereservaten en it histoaryske Bloedbad fan Wounded Knee.