Springe nei ynhâld

Berjocht:Side fan de wike 2016/wike 47

Ut Wikipedy

De Treinramp fan Ashtabula wie in grutskalich treinûngemak yn 'e Feriene Steaten, wêrby't op 29 desimber 1876 yn 'e neite fan Ashtabula, yn 'e steat Ohio, in passazjierstrein ûntspoarde trochdat de spoarbrêge oer de rivier de Ashtabula ynsakke. Under barre winterske omstannichheden stoarten dêrby twa lokomotiven en alve treinwagons sa'n 23 m nei ûnderen yn it wetter en op 'e rivierwâl, wêrnei't der yn 'e houtene wagons in útslaande brân útbriek. By de ûntspoaring en de brân kamen 92 fan 'e 159 ynsittenden fan 'e trein om it libben, wêrûnder de ferneamde hymneskriuwer Philip Bliss en syn frou. De Treinramp fan Ashtabula wie it slimste treinûngemak yn 'e Feriene Steaten oant de Grutte Treinramp fan 1918.

Lês fierder