Springe nei ynhâld

Berjocht:Side fan de wike 2016/wike 33

Ut Wikipedy

Harlingen (Amerikaansk-Ingelske útspr.: /'hɑrlɨnʤən/; "harlendzjen") is in stêd yn it uterste suden fan 'e Amerikaanske steat Teksas. It leit yn 'e Delling fan de Rio Grande, fuortby de grins mei Meksiko, en likernôch 50 km fan 'e seekust fan 'e Golf fan Meksiko ôf. Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 hie Harlingen doe krapoan 65.000 ynwenners, wêrmei't it nei Brownsville de grutste stêd is yn Cameron County. Mei Brownsville en in stikmannich lytsere plakken foarmet it in stêdekloft dy't yn 2010 in befolking fan goed 385.000 minsken hie. Ut 'e folkstelling fan 2010 kaam ek oan it ljocht dat Harlingen de goedkeapste stêd yn 'e Feriene Steaten is kwa kosten fan libbensûnderhâld.

Lês fierder