Springe nei ynhâld

Berjocht:Side fan de wike 2015/wike 31

Ut Wikipedy

Jorge Luis Borges (Spaanske útspr.: ['xorxe 'lwis 'borxes]), folút: Jorge Francisco Isidoro Luis Borges (Buenos Aires, 24 augustus 1899Sjenêve, 14 juny 1986) wie in Argentynsk skriuwer fan koarte ferhalen, essayist, dichter en oersetter. Hy wurdt sjoen as de grûnlizzer fan it literêre sjenre fan it magysk reälisme, mar hy droech ek by oan sawol de filosofy as de fantasy- en detektivesjenres. Syn bekendste boeken, Ficciones (1944) en El Aleph (1949), binne bondels ferhalen mei in mienskiplik tema. Borges wie fan berop bibletekaris en waard letter direkteur fan 'e Nasjonale Bibleteek fan Argentynje, en teffens perfester yn 'e literatuer oan 'e Universiteit fan Buenos Aires. Syn wurk waard bekroane mei ferskate prestizjeuze prizen, mar net mei troch him sa begeare Nobelpriis foar de Literatuer. Borges spriek in ferskaat oan talen floeiend, en sette wurken út it Ingelsk, Frânsk, Dútsk, Aldingelsk en Aldnoarsk oer yn it Spaansk. Geandewei syn libben seach er almar minder, en úteinlik waard er blyn. Men wol wol hawwe dat dat alteast foar in part de grûnslach foarme fan syn ynnovative literêre symbolyk. Hy stoar oan leverkanker yn 'e âlderdom fan 87 jier.

Lês fierder