Springe nei ynhâld

Bergsingeltsjerke (Rotterdam)

Ut Wikipedy
Bergsingeltsjerke
Lokaasje
provinsje Súd-Hollân
plak Rotterdam
adres Bergsingel
koördinaten 51° 56' N 4° 28' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip PKN
Arsjitektuer
arsjitekt Tjeerd Kuipers
boujier 1914-1915
monumintale status gemeentlik monumint
Webside
Side Bergsingeltsjerke
Kaart
Bergsingeltsjerke (Rotterdam)
Bergsingeltsjerke

De Bergsingeltsjerke is in monumintaal tsjerkegebou fan 'e grifformearde tsjerke yn Rotterdam. De tsjerke is in gemeentlik monumint. Njonken de sneinske earetsjinsten wurdt de tsjerke ek brûkt foar kulturele aktiviteiten. De grifformearde tsjerke fan Rotterdam falt ûnder de paraplu fan de PKN.

De tsjerke waard boud yn 'e jierren 1914-1915 foar de grifformearde tsjerke fan Rotterdam.

Yn 'e Twadde Wrâldkriich foarme de Bergsingeltsjerke foar grifformeard Rotterdam in wichtich sintrum foar help by need. De needkommisje "Hulp voor allen" fersoarge yn 'e Hongerwinter alle dagen foar mear dan 2.000 hûshâldings it iten. Ut en troch behindere de Sicherheitsdienst it wurk mei ynfallen yn 'e tsjerke. Tusken it dak en ferwulft dûkten gemeenteleden ûnder om't hja socht waarden fanwegen ferset tsjin de Dútsers of om't foar de besetter wegeren te wurkjen.

Ynterieur.

De grutte toer krige yn 1955 fjouwer liedklokken.

Fan 'e fiif grutte tsjerken dy't de grifformearde tsjerke yn Rotterdam yn it ferline besiet is allinne de Bergsingeltsjerke oerbleaun. Nei't yn 'e jierren 1980 twa oare grifformearde tsjerken yn it sintrum fan Rotterdam sletten waarden, wie de Bergsingeltsjerke it iennige grifformearde tsjerkegebou yn it stedssintrum. Doe't ek de Bergsingeltsjerke ein jierren 1990 slute soe, wiisde de gemeenteried fan Rotterdam it tsjerkegebou oan as monumint. De tsjerkeried naam doe it beslút dat de tsjerke eigendom bliuwe soe fan 'e Grifformearde Tsjerke fan Rotterdam.

De tsjerke waard restaurearre en yn 2006 wer iepene.

De tsjerke heart troch de ôfmjittings en foarmen ta de monumintaalste tsjerken fan 'e arsjitekt. De foargevel hat twa tuorren en in foarset portaal mei trije doarren. Njonken de tuorren binne de bylden fan pelikanen te sjen, kristlike symboalen foar it selsopofferjen. Ek healwei de hege toer is in lyksoartich byld te sjen. Yn 'e gevel is in grut meardielich finster oanbrocht mei glês-yn-lead.

It hjoeddeiske oargel is it tredde ynstrumint fan 'e tjerke. It waard yn 1936 troch de firma Van Leeuwen út Leiderdorp boud yn 'e yn 1986 sletten Statensingeltsjerke. By de bou fan it oargel yn 'e Bergsingeltsjerke waard it oarspronklike piipmaterjaal wer brûkt. It oargel krige dêrby in oan 'e tsjerke oanpast front .

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: