Berchkleaster

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

It Berchkleaster of Barrakonvint wie in kleaster oan de Kleasterleane yn Burgum.

Berchkleaster waard yn de 14e iuw stifte troch de Reguliere Kanunniken en wijd oan "Sinte Nicolaas". It kleaster hie in soad besittings. De mûntsen diene neist geastlik wurk in soad hânwurk. Hjir waarden ek wichtige oerienkomsten sluten.

Steedhâlder Aremberg hat hjir yn 1567 in tiid tahâlden, wylst yn 1578 de Fryske biskop Cuneris Petri der tydlik finzen setten waard. Yn 1580, de tiid fan de Reformaasje, waard de provinsje eigener en makke bekend dat eltsenien it kleaster ôfbrekke mocht. Yn in resolúsje fan 6 novimber 1581 waard ûnder mear besletten om it kleaster ôf te baarnen, opdat de vijanden (Spanjerts) daarvan geen roofnesten make.

Op de Kleasterleane steane noch gebouwen mei de histoaryske nammen Martinushof en Kleasterhof.