Springe nei ynhâld

Bentincksleanetsjerke

Ut Wikipedy
Bentincksleanetsjerke
Lokaasje
lân Nederlân
provinsje Drinte
plak Hoogeveen
adres Bentincksleane 78
Tsjerklike gegevens
ôfstjitten 2011
hjoeddeiske  funksje apparteminten
Arsjitektuer
arsjitekt D. van Dijk
boujier 1933
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 507296 (tsjerke) [1]
Kaart
Bentincksleanetsjerke (Hoogeveen)
Bentincksleanetsjerke

De Bentincksleanetsjerke (ek Bentinckstsjerke) is in monumintale tsjerke yn Hoogeveen. De tsjerke waard boud as grifformearde tsjerke. Nei de Twadde Wrâldkriich waard de tsjerke dield troch synodale en frijmakke grifformearden. Sûnt 1997 is de tsjerke in ryksmonumint.

De tsjerke waard yn 1933 boud foar de twadde grifformearde tsjerke fan Hoogeveen neffens in ûntwerp fan D. van Dijk. Foar de bou hiene de leden fan 'e tsjerke 57.000 gûne by inoar brocht. Tagelyk foarme de bou ek in wurkgelegenheidsprojekt foar wurkleaze grifformearden.[2] De bou fûn plak yn in oan 'e Nije Haachske Skoalle besibbe styl yn in yn 'e jierren 1930 oanleine nijbouwyk. It is in krústsjerke mei yn 'e noardeastlike hoeke in klokketoer.

Nei de frijmakking fan 1944 waard de tsjerke oant 1978 troch sawol de synodale as de frijmakke grifformearden yn ôfsûnderlike tsjerketsjinsten brûkt. Sûnt 1978 bleau de tsjerke allinne yn gebrûk as frijmakke tsjerke.

Noch yn 'e jierren 1988-1990 waard in nij oargel oanskaft. It waard troch Sicco Steendam út Warffum boud yn 'e styl fan in 19e-iuwsk ynstrumint fan G.F. Witte. De frijmakke tsjerke groeide yn 'e rin fan 'e tiid lykwols út de Bentinckstsjerke. Yn 2002 liet de tsjerke oan 'e Alteveerstrjitte in nagelnije tsjerke mei de namme "De Opgang" bouwe. Ek it Steendam-oargel waard nei de nijbou meinommen.[3]

Dêrnei stie de tsjerke jierren leech. Mei in ynterne ferbouwing krige it gebou yn 2011 in nije funksje. Yn 'e tsjerke is mei in frijsteande staalkonstruksje in ferdjipping makke, mar it eksterieur bleau itselde. It gebou waard brûkt troch ferskillende sosjale organisaasjes.[4] Yn 2024 waard bekend dat it gebou ferboud wurdt om dêr in fjouwertal apparteminten te realisearjen.[5]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: