Springe nei ynhâld

Benjamin Pieter Liese

Ut Wikipedy
Benjamin Pieter Liese
politikus
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 4 oktober 1909
berteplak Ljouwert
stjerdatum 27 april 1985
stjerplak Haarlim
partij PvdA
Wiernimmend boargemaster fan Wildervank
amtsperioade 1947-1951
foargonger Hendrik de Wit
boargemaster fan Wildervank
amtsperioade 1951 - 1969
boargemaster fan Ten Boer
amtsperioade 1969-1975
foargonger Peter Molendijk
opfolger Juul Zandbergen

Benjamin Pieter Liese (Ljouwert, 4 oktober 1909Haarlim 27 april 1985) wie in Nederlânske boargemaster fan de Partij fan de Arbeid.

Hy wenne yn Leien en Veendam foardat hy op 1 jannewaris 1947 beneamd waard ta waarnimmend boargemaster fan de destiidske Grinslanner gemeente Wildervank. Yn 1951 waard hy definityf beneamd as boargemaster fan dy gemeente. Hy fersette him yn de jierren sechtich fan de 20e iuw tsjin de opheffing fan syn gemeente. It die gjin fertuten, want de gemeente Wildervank waard per 1 jannewaris 1969 opheft en kaam foar in diel by Veendam en in oar diel by Stadskanaal.[1] Yn jannewaris 1969 waard Liese beneamd as boargemaster fan de gemeente Ten Boer dêr't er oant syn pinsjoen yn 1975 stean soe.

By syn boargemasterskip fan Wildervank boude de marine in kustminefeier Hr. Ms. Wildervank. It skip waard troch syn frou J. Liese-Letterboer te wetter litten.[2] Liese bea de kommandant fan it skip in skipsbelle mei it wapen fan de gemeente Wildervank oan mei in jierlikse attinsje foar de bemanning fan it skip.[3]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Leeuwarder Courant d.d. 19 desimber 1959 en 3 jannewaris 1969
  2. Leeuwarder Courant d.d 25 febrewaris 1955
  3. Dagblad voor Amersfoort d.d. 29 desimber 1955