Springe nei ynhâld

Benediktinen

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Benediktessen)
De Hillge Benediktus

De oarder fan de benediktinen en benediktinessen (Latyn: Ordo Sancti Benedicti), oprjochte yn 529 en ôfkoarte as OSB, is in kleasteroarder dy't de regel fan Sint-Benediktus (480 - 547 n.Kr.) folget. Wrâldwiid binne der mear as 8000 benediktinen en 17.000 benediktinessen.

In dei bestiet by de benediktinen út kontemplaasje en arbeidzje (ora et labora) en draait om it mienskiplik fierde en op te dragen Misoffer en de ferskillende deistige gebeden (offisy: de Lauden, Primen, Terts, Sext, None, Fespers en Kompleten. Ornaris wurdt ek de Figily of nachtweke ta it offisy rekkene.

De kleasters dy't de regel fan Sint Benediktus neifolgen, wienen yn it earstoan autonoom en hienen gjin tafersjoch fan bûtenôf. In tal gienen fan de 10e iuw ôf byelkoar yn in kleasteroarders as kongregaasjes. Paus Benediktus XII skreau yn 1336 yn in Summa magistri foar dat alle benediktine-abdijen harren gearfoegje moasten yn provinsjes en de lieding fan provinsjale kapittels folgje moasten. Dêrút ûntstiene nije kongregaasjes. It Konsily fan Konstanz (1414-1418) ferplichte de benediktinen harren organisaasje op deselde wize yn te rjochtsjen as de Sistersjenske oarder.

De Oarder fan de Benediktinen (Confoederatio Benedictina) is feitlik in federaasje fan kongregaasjes en selsstannige kleasters. Iltse kongregaasje is op syn beurt wer in federaasje, dy't faak útgiet fan in histoarysk wichtich kleaster dat foar oare oansletten kleaster in soarte fan memmekleaster is. Der binne goed tweintich benediktynske kongregaasjes. Dy kongrgaasjes moatte oars net trochinoar helle wurde mei kongregaasjes yn tsjerkrjochtterlike sin.

Ut de regel fan Benediktus

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Italjaanske kluzener Benediktus fan Nursia krige in protte neifolgers. Yn 529 stelde hy foar harren in kleasterregel op. Sûnt de Karolingyske perioade (8e-9e iuw) waard de regel fan Benediktus by hieltyd mear abdijen brûkt.

  • It getal sân is hillich (sjoch ek Psalm 118,164). Dêrom bidde de muontsen sânris deis yn de tsjerke. Ek ’s nachts komme hja fan 't bêd ôf om de Skepper te loovjen (Regel fan Benedictus, haadstik 16).
  • Fanôf Peaske oant 1 oktober sille muontsen arbeidzje fan 7 oant 10 oere (Regel, haadst. 48).
  • It kleaster moat, at it kin, sa ynrjochte wurde dat al wat noadich is oanwêzich is; wetter, in mûne, in tún en in bakkerij. Sadwaande hoege de muontsen it kleaster nea út.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]