Springe nei ynhâld

Ben Verbrugge

Ut Wikipedy

Ben Verbrugge (Rotterdam, 7 novimber 1953) is in byldzjend keunstner út De Haach.

Verbrugge die in oplieding MU-A tekenjen tusken 1973-1977 op de Keninklike Akademy foar Byldzjende Keunsten yn De Haach. Sûnt begjin 1999 wurket er alle wykeinen yn syn atelier.

Underwerpen en ynspiraasje komme fuort út wat minsken driuwt: eangsten, driften, langstme en bline flekken. Geandewei it wurkjen ûnstiet by him faak in byld of in idee. Dy syktocht jout de spanning dy't Verbrugge siket. Boeiend fynt Ben ek de algemy tusken him en de materialen en de reaksje fan materialen op inoar. Nei de Keninklike Akademy en benammen sûnt begjin 1999 wurke hy allinnich mei oaljeferve. It meast fielt er him oanlutsen ta figuratyf wurk. Verbrugge wurket mei abstrakte bylden en benammen de lêste tiid hieltiten mear figurative eleminten.

Meast brûkt er ferskate materialen as oaljeferve, grafytstift, sân en yn 2009 benammen lakferve en beits omdat dizze minder foarspelber en dus spannender binne (mear 'algemy'). Troch it abstrakte karakter fan syn wurken bliuwt der foar de taskôger altyd wat te rieden oer.

Eksposysjes fan syn wurk wienen yn it STOZ-Theater yn Scheveningen (2001), by Stichting ORION te Rotterdam (2003), Culi-Consult yn Flissingen (2007) en by Het Lab yn Middelburch (2008).

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: