Belle Époque
De Belle Époque (of ek wol la Belle Époque), in Frânske term dy't letterlik "(it) Moaie Tiidrek" betsjut, wie in perioade yn 'e skiednis fan it fêstelân fan Jeropa dy't yn 'e regel rekkene wurdt fan 'e ein fan 'e Frânsk-Dútske Oarloch, yn 1871, oant it begjin fan 'e Earste Wrâldoarloch, yn 1914. Dat wie de tiid dat yn Frankryk de Tredde Republyk fêstige wie, wylst Dútslân foar it earst yn syn skiednis feriene wie yn in min ofte mear sintralistysk regearre keizerryk.
It wie in perioade dy't karakterisearre waard troch optimisme, frede (koloniale oarloggen bûten beskôging litten), woltier en nije technologyske en wittenskiplike ûntdekkings. De Frânske haadstêd Parys stie wer op út 'e púnheapen fan oarloch en boargeroarloch en ûntjoech him ta in sintrum fan keunst en kultuer, dêr't withoefolle masterwurken fan literatuer, muzyk, toaniel en byldzjende keunst it libbensljocht seagen. De Belle Époque krige syn namme lykwols pas doe't der fanút de rinfuorgen fan 'e Earste Wrâldoarloch op weromsjoen waard en it de soldaten wol in gouden tiidrek taliek.
Yn 'e Feriene Steaten, dy't yn deseldichste tiid de Panyk fan 1873, in slimme finansjele krisis, wer teboppe kamen, waard de Belle Époque de Gilded Age neamd (letterlik: it "Fergulde Tiidrek"). Yn it Feriene Keninkryk oerlape de Belle Époque de ein fan 'e Fiktoriaanske Tiid en it begjin fan 'e Edwardiaanske Tiid.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en Further reading, op dizze side. |