Bell P-39 Airacobra

Ut Wikipedy
Bell P-39 Airacobra


Rol Jachtfleantúch
Makker Bell Aircraft
Earste flecht 6 april 1938
Yn tsjinst 1941
Ut tsjinst
Tal makke 9.588 (1940-maaie 1944)
Brûkers United States Army Air Forces, Sowjet Loftmacht, Royal Air Force
Priis it stik 50.666 dollar (yn 1944)
Farianten Bell XFL Airabonita, Bell P-63 Kingcobra

De Bell P-39 Airacobra wie in wichtich Amerikaansk jachtfleantúch by it útbrekken fan de Twadde Wrâldoarloch.

It wie it earste jachtfleantúch mei in noastsjil yn 't plak fan in sturttsjil wat it lânjen feiliger makke. De motor siet mids de romp, efter de cockpit. Dêrtroch ûntstie de yn de noas romte foar in mânsk 37 mm-kanon mei munysje, dy't troch de propelleras skeat, en wie der plak foar it ynlûkber noastsjil.

Nettsjinsteande dy nijichheden foelen de prestaasjes fan de Airacobra ôf, fral op gruttere hichten, meidat er op dat stuit gjin effisjinte turbolader foar hannen wie. De P-39 waard mei súkses ynset troch de loftmacht fan de Sowjet-Uny oan it Eastfront. Oare wichtige ôfnimmers fan de P-39 wiene de Frije Frânsken, en de Italianen nei de oerjefte yn 1943. De P-63 Kingcobra waard ûntwikkele út dit tastel en wie ornearre om it lek en brek fan de P-39 te ferhelpen.

Technyske feiten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bell P-39Q Airacobra
Spesifikaasje
Langte    9,20 m
Fleugelspanwiidte    10,36 m
Fleugeloerflak    19,79 m²
Hichte    3,61 m
Oandriuwing    ien12-sylinder-V-motor Allison V-1710-85 fan 1.200 hk
Heechste faasje    621 km/o op 2.895 m
Normaal fleanberik    1.080 km
Bemanning    1
Tsjinstplafond    10.690 m
Bewapening    ien 37-mm-fluchfjoerkanon, fjouwer 12,7-mm MGs; ien 226 kg bom
Totaalgewicht    3.810 kg

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]