Beintemawei
De Beintemawei is in wei yn de uterste noardwesthoeke fan Westergeast en ûnderdiel fan de Wâlddyk. It komt der op del dat de Wâlddyk oer in ôfstân fan in pear hûndert meter in oare namme hat.
De namme Beintemawei is in optinksel fan de kommisje dy't yn 1954 advys útbrocht hat oer de strjitnammen yn Kollumerlân. Yn it rapport út dat jier stiet: "Weg vanaf driesprong naar Beintemahuis, Beintemawei, naar de fam. Beintema, die reeds in 1540 deze boerderij bewoonde". It giet dus om de wei fan de trijesprong ôf, dat wol sizze fan it punt ôf dêr't de Weardebuorsterwei op 'e Wâlddyk komt, oan Beintemahûs ta. Dêr moat dan wol by sein wurde dat de Beintemawei yn 1954 noch dearûn by de grins mei de gemeente Dantumadiel, dat wol sizze krekt oer it brechje yn dizze wei. No is de sitewaasje dêr oars, want ein jierren sechstich is de wei yn it ramt fan de ruilferkaveling 'Dantumadiel' trochlutsen yn de rjochting fan Driezum. De nije ruilferkavelingswei op it grûngebiet fan Dantumadiel krige de namme Wouddijk/Wâlddyk en dat betsjut dat de Beintemawei sûnt dy tiid sawol oan de iene as oan de oare kant op 'e Wâlddyk útkomt. Mar dat koe de kommisje út 1954 fansels noch net witte. Dat der in wei neamd is nei de famylje Beintema, is op himsels net sa frjemd, want de Beintema's ha yn dizze omkriten iuwenlang in foaroansteande posysje ynnaam. Dêrop wiist ek al de namme Beintemahûs. Yn de Friesche Naamlijst fan Johan Winkler wurdt dêrfan sein: "sate en gehucht onder Westergeest". Dêr wurdt dus mei bedoeld dat dit tagelyk de namme is fan in pleats (sate) en fan in buorrentsje (gehucht). De pleats mei de namme Beintemahûs is dy fan de famylje Kooisra. It buorrentsje mei deselde namme bestiet út twa pleatsen: dy fan de famylje Kooistra (Beintemawei 6) en dy fan de famylje Van der Beek (Beintemawei 7). Eartiids stie der noardlik fan earstneamde pleats noch in tredden ien, mar dy is yn de njoggentjinde iuw ôfbrutsen. Letter hat der yn Beintemahûs ek noch in dûbeld arbeidershûs stien, dat der no ek net mear is.
It bysûndere fan it buorrentsje Beintemahûs is dat it net oan de iepenbiere wei leit. Fan de Beintemawei ôf rint wol in smel weike nei de beide pleatsen ta, dy't dan yn it lân dearint, mar dy is net fan de gemeente. Neffens it kadaster heart dy tagongswei by de pleats Beintemahûs en it ferfolch, dat dus yn it lân ophâldt, by de oare pleats. As dy wei iepenbier west hie, dan hie dy yn 1954 grif de namme Beintemahûs krige, sa't doe ek de namme fan in oar buorrentsje, Keatlingwier, oan in wei jûn is. Dan hie der fêst gjin ferlet west fan de namme Beintemawei en hie it eintsje wei dat no dy namme draacht, ek gewoan Wâlddyk neamd wurde kind. Mar de namme Beintemahûs koe net brûkt wurde en doe is de namme Beintemawei útfûn om de earder o sa foaroansteande famylje Beintema (of eins wienen it twa famyljes!) dochs noch mei in strjitnamme yn oantinken te hâlden. Yn it boek fan notaris Andreae oer de skiednis fan Kollumerlân lêze wy dat de namme Beintemahûs (doe noch skreaun as Banthiemahuys) al yn 1543 foarkaam. Yn 1540, trije jier earder dus, wurdt in Sipcke Beintema as ynwenner fan Kollumerlân neamd en Andreae tinkt dat dy op Beintemahûs, dat wol sizze de pleats fan dy namme, wenne hat. Wy witte net safolle fan dy âlde famylje Beintema. Wol is bekend dat de lêste fan dat geslacht dy't op Beintemahûs wenne hat Eecke Douwes Beintema wie en dat dy de pleats yn 1671 ferkocht hat. Eecke hie in broer Oene, dy't advokaat yn Dokkum wie. Oene, dy't himsels ek wol hiel deftich Onuphrius neame liet, wie eigner fan in pleats mei de namme Hanenburg tichteby Beintemahûs. By dy namme tinke wy fansels fuortdaalk oan it buorrentsje Hanenburch by Feankleaster, mar dat hat der neat mei út te stean, want it giet yn dit gefal om de tsjintwurdige Hega Pleats oan de Beintemawei. Dy pleats Hanenburg waard yn 1706 ferkocht troch de beide yn Delft wenjende dochters fan advokaat Oene Beintema. Dêrmei wie de lêste bân fan de oarspronklike Beintema's mei Westergeast trochsnien. It neamen wurdich is noch dat in soan fan Oene Beintema, dy't de lange namme Johannes Ignatius Beintema van Peima droech (hy libbe fan 1666 oant 1723), it ta liifarts fan de keizer yn Wenen brocht hat. De pleats Beintemahûs waard nei 1671 ferhierd. Om 1750 hinne wist de hierboer dy't der doe op siet, Douwe Kornelis, de pleats te keapjen. Syn dochter soe letter trouwe mei in broer fan de bekende Eelke Meinerts, nei wa't de Eelke Meinertswei neamd is. Sa waard Johannes Meinderts (oars as Eelke skreau hy syn heitenamme meastal mei in d deryn) yn 1786 boer op Beintemahûs. Hy wie yn syn tiid in foaroansteand man. Yn 1804 krige er sels de hearebank yn de tsjerke fan Westergeast yn hannen. Doe't yn de tiid fan Napoleon elk in achternamme oannimme moast, keas Johannes Meinderts de namme Beintema. Sa siet der sûnt 1812 wer in Beintema op 'e pleats Beintemahûs, mar dy wie fansels yn 'e fierste fierte gjin famylje fan de oarspronklike Beintema's. Johannes Meinderts is yn 1821 ferstoarn en waard begroeven op it Westergeastmer tsjerkhôf. Syn grêfstien is der noch altiten; it is de âldste fan it hiele tsjerkhôf. Nei Johannes Meinderts ha noch trije generaasjes Beintema op 'e pleats wenne. De earste wie Douwe Johannes, dy't úteinlik alle trije pleatsen fan Beintemahûs en ek de tsjintwurdige Hege Pleats yn hannen krige. Op lêstneamde pleats soe yn 1850 Tryntsje Jans Beintema berne wurde, dy't de mem waard fan de bekende Fryske skriuwster Simke Kloosterman (ôfkomstich fan Twizel, dêr't no noch it Simke Kloostermanhûs is). Tryntsje leit, lykas safolle leden fan de famylje Beintema, yn Westergeast op it hôf. Uteinlik kaam der yn 1918, mei it ferstjerren fan Douwe Minnes Beintema, foar de twadde kear in ein oan de relaasje fan in famylje Beintema mei Beintemahûs. De hearebank yn de Westergeastmer tsjerke soe ek dêrnei yn gebrûk bliuwe by de bewenners fan de pleats Beintemahûs. Dêr kaam in ein oan mei de restauraasje fan de tsjerke yn 1955/1957, want doe waard besletten dat dy bank fuort moast. Hy is doe yn in bargehok fertimmere..