Springe nei ynhâld

Beare-eilannen

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Beareneilannen)
Lizzing fan de Beare-eilannen yn de East-Sibearyske See

De Beare-eilannen (Russysk: медвежьи острова Medvezji Eilannen ) is in groep fan seis Russyske eilannen foar de noardkust fan Jakoetje yn de East-Sibearyske See foar de mûning fan de rivier de Kolyma.

Dizze eilanden binne Krestovski (grutste nei oerflakte), Leontjev, Tsjetyrjochstolbov ("Fjouwer kolommen"), Poesjkareva, Lysova en Andrejev. It oerflak fan de eilannen berint sa'n 60 km². De stiennige eilannen binne begroeid mei arktyske-, op guon plakken wat sompige toendra, binne oant 273 meter heech (trochsneed 40 oant 100 meter) en wurde net bewenne. Der hearsket in poalklimaat en der komme iisbearen foar. Simmers, yn it koarte skoft tiid dat it pakiis wykt, is der kommersjele fiskerij yn de wetters om de arsjipel.

De earste Europeaan dy't oer it bestean fan de Medvezji Eilannen ferslach die, wie de Russyske ûntdekkingsreizger Jakov Permjakov yn 1710. Hy sile fan de Lena nei de Kolyma en seach doe in silhûet fan in ûnbekende groep eilannen oan de kym.

By Ferdinand Wrangel syn poalekspedysje fan 1820 oant 1824 nei de East-Sibearyske- en de Tsjoektsjensee, hat poalûndersiker Fjodor Matjoesjkin de arsjipel ferkend en yn kaart brocht.

Op 3 septimber 1878 fernijt Adolf Erik Nordenskiöld dat er tichteby de 'Beare-eilannen' wie mei syn stoomboat Vega. Dat barde by de ekspedysje dy't it foar it earst yn de histoarje slagge de hiele Noardeast passaazje troch te farren.