Beamgrins
De beamgrins is de grins fan in habitat dêr't beammen foarkomme. Oare kant de beamgrins litte de klimatologyske omstannichheden beammegroei net mear ta.
It bekendste soarte fan beamgrins wurdt feroarsake troch temperatuerferskillen. Dat type beamgrins komt foar yn berchtmen en yn 'e beide poalsirkels. Yn Jeropeeske berchtmen leit de beamgrins likernôch tusken de 1.800 en de 2.200 m hichte.
Njonken temperatuer kinne ek oare faktoaren in rol spylje. Sa besteane der oan 'e bûtenrânen fan woastinen beamgrinzen dy't feroarsake wurde troch drûchte. Ek kinne oanhâldende hurde wyn en it sâltgehalte yn 'e boaiem in beamgrins feroarsaakje.
Beamgrinzen sjogge der fan in ôfstân út as in skerpe demarkaasjeline, mar neigeraden dat men tichterby komt, wurdt dúdlik dat it eins in stadich ôfnimmen of weikwinen fan 'e beammegroei is. De beammen komme minder foar, bosken tinje út en beammen wurde koarter en lytser oant se úteinlik alhielendal ophâlde.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|