Baukje Jongsma
Baukje Jongsma (Ljouwert, 8 desimber 1926 - 20 augustus 2013) wie in Nederlânske atlete, dy't har talein hie op de sprint.
Karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jongsma waard flak nei de oarloch lid fan atletykferiening Vitesse yn Ljouwert. Op 31 july 1949 waard se mei in team fan har feriening kampioen op de 4 x 100 m estafette yn 51,1 s. De Ljouwerter Krante neamde it ien fan de moaiste haadstikken yn de Fryske Atletykskiednis.[1] It team bestie njonken Jongsma út Imi Miedema, Foekje Dillema en Nellie de Jager. Yn de finale waard ûnder oare Sagitta, it team fan Fanny Blankers-Koen, ferslein. Op de 4 x 200 m ferlear Vitesse krekt fan Sagitta.
Datselde jier ferbettere Vitesse op it gers fan de iisbaan yn Ljouwert it nasjonale rekôr op de 4 x 200 m yn 1.48,3. Nellie de Jager wie ferfongen troch Corry Hospes.
Jongsma rekke ein 1949 yn ferwachting fan har earste dochter en beëinige op dat stuit har sportkarriêre.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|