Springe nei ynhâld

Baukje Galama

Ut Wikipedy

B.A.H. (Baukje) Galama (Haskerdiken, 19 jannewaris 1957) is in Nederlânsk politika.

Galema wie jierrenlang direkteur fan Stichting Welzijn Weststellingwerf en wie dêrfoar wethâlder yn de gemeente Weststellingwerf.

As wethâlder út namme fan de VVD folge se Wim Plekkenpol op. Doe't Galama, twongen troch in ferkiezingsnederlaach, as wethâlder ophâlde moast waard se opfolge troch deselde Plekkenpol, dy't oars ek sportsjoernalist is.

Dêrnei is hja ek lid west fan de provinsjele steaten fan Fryslân.

Op 1 july 2005 waard Galema boargemaster fan Flylân en fan 1 septimber 2009 ôf oan is se boargemaster fan Stedskanaal. Yn febreawris 2018 besleat se om dien te freegjen as boargemaster fan Stedskanaal om reden fan sûnens. Foarôfgeand oan har ûntslach wie se yn konflikt kaam mei leden fan de gemeentried. Froukje de Jonge is dêr mei yngong fan 1 septimber 2018 beneamd ta waarnimmend boargemaster.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: