Bauke en Greetje
Appearance
Bauke en Greetje is in sjongduo dat bestiet út Bauke de Groot (1955) en Greetje Wiersma (1959).
Se binne broer en suster. Bauke is fysiotherapeut en wennet yn Drachten. Greetje wurket op in ferzekeringskantoar en wennet yn Damwâld. It duo starte yn 1976 op in talintejacht. Bauke makket Fryske harklietsjes dy 't se beide útfiere. Bauke spilet der by op syn gitaar.
Letter foarmen Bauke en Greetje, harren suster Sien en freondinne Hinke Wolthuizen de formaasje Folkpolitie.
Diskografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Alwer in Fries ( LP, 1981 )
- Reinbôge ( LP, 1986 )
- Wier ( CD, 1993 )
- Alwer in Fries ( CD, 1998 )
- In prachtige dei ( CD, 1998 )
CD's mei oaren
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Beste fan Omrop Fryslân ( 1992)
- Tsjoch ( 1994 )
- Toppers út Fryslan 1 ( 199? )
- Toppers út Fryslân 2 ( 1994 )
- Frysk hit festival , diel 3 ( 200? )