Bauke Feenstra
Appearance
Bauke Feenstra (Parregea, 1945 ) is in Fryske keunstner út Warkum. Hy skildert meast skipsportretten en seegesichten yn oaljeferve en akwarel. Wolkeloften, de rêst fan it wetter, de wikselwurking tusken wetter en wyn en fiergesichten spylje ek yn de opdrachten dy't er krijt in grutte rol. Syn atelier sit yn it eardere boargerweeshûs oan de Noard yn Warkum. Hy skildert sûnt 1967.
In soad fan it wurk fan dizze autodidakt is útbrocht op kryst- en nijjierskaarten, ansichtkaarten en kalenders. Underwerpen binne hjirby û.o. wintergesichten en maritime ûnderwerpen. Yn in soad plakken om de Iselmar hawwe eksposysjes fan him west.