Springe nei ynhâld

Basisûnderwiis

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Basisskoallen)
Basisskoalle De Regenboog yn Delft

It basisûnderwiis is bedoeld foar bern fan fjouwer oant tolve jier. It basisûnderwiis kin folge wurde fan fjouwer jier ôf, mar in bern is learplichtich fan de fiifde jierdei ôf. In skoalle dêr't basisûnderwiis jûn wurdt hjit in basiskoalle. Foar bern dy’t net meikomme kinne op it basisûnderwiis is it spesjaal ûnderwiis mooglik. Ek is it mooglik dat bern yn harren frije tiid byles krije, faak is dit partikulier. Mei de komst fan it ynklusyf ûnderwiis sil it spesjaal ûnderwiis nei ferwachting ferdwine of feroarje yn saneamde ekspertize sintra. Nei it basisûnderwiis folget it fuortset ûnderwiis.

Underferdieling yn bouwen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De groepen 1 en 2 komme oerien mei wat foar 1986 de beukerskoalle wie en de groepen 3 oant 8 mei de eardere legere skoalle.

De acht learjierren wurde faak ûnderferdield yn de:

  • Underbou: dit is groep 1 en groep 2.
  • Middenbou: dit is groep 3, groep 4 en groep 5.
  • Boppebou: dit is groep 6, groep 7 en groep 8.
Groep 1
Dit is it earste learjier fan de basisskoalle. Faak wurde dit beukers neamd. At in bern fjouwer jier wurdt mei it nei skoalle ta. De measte âlden kieze derfoar om de bern twa moarntiden yn de wike nei skoalle te dwaan. As in bern fiif wurdt, dan moat it bern eltse dei nei skoalle gean. De klam leit yn dizze groep op it op boartsjende wize leare.
Groep 2
Dit is twadde learjier fan de basisskoalle. Dit is oer it algemien bern fan fiif oant seis jier. Dizze bern binne allegear learplichtich. Se wurde faak de âldste beukers neamd. Yn groep 2 wurdt noch in soad boarte, mar dochs binne de bern al dwaande mei it oanlearen fan letters, kleuren en sifers, en ek wurdt de wurdskat opboud.
Groep 3
Dit is it tredde learjier fan de basisskoalle. De bern leare lêzen en rekkenjen. De measte bern kinne al sinnen lêze yn jannewaris fan dat skoaljier. Alden, en de bern sels, fine dit faak in hiele prestaasje. Omdat jonge bern linich binne mei taal, kinne se dit faak snel leare.
Groep 4
Dit is it fjirde learjier fan de basisskoalle. Dizze binne bern fan likernôch 7 oant 8 jier. De boeken dy’t de bern lêze wurde dreger en ek it rekkenjen wurdt pittiger. Bern dy’t net meikomme kinne gean op dizze tiid nei it spesjaal ûnderwiis.
Groep 5
Dit is it fyfde learjier fan de basisskoalle. De bern krije foar it ears de fakken skiednis en ierdrykskunde. De measte bern lêze op in goed AVI-nivo en dêrom wurdt it learen út boeken wichtiger.
Groep 6
Dit is it sechde learjier fan de basisskoalle. Yn dizze groep wurdt in soad ferhelle. Der fynt in ferdjipping plak fan it rekenjen.
Groep 7
Dit is sânde learjier fan de basisskoalle. Yn dit jier wurdt faak de earste toets fan CITO ôfnaam (Entreetoets). Dizze toets is wichtich foar it opstapnivo fan de bern. Faak wurdt de CITO fan groep 8 fergelike mei de CITO fan groep 7.
Groep 8
Dit is it achtste en lêste learjier fan de basisskoalle. Dizze groep stiet yn it teken om de bern sa goed mooglik klear te stomen foar it fuortset ûnderwiis. Groep 8 wurdt faak ôfsletten my in skoalreis, kamp of musikaal.

Net alle skoallen hawwe jierklassen. Der binne ek kombinaasjes mooglik. Lytse skoallen kinne soms wol fjouwer groepen yn ien klasse hawwe. Der binne ek grutte skoallen dy’t mear as twa klassen hawwe mei deselde jiergroep.

Binnen de basisskoalle binne ferskillende funksjes. Sa kin it ûnderwiis optimaal ôfstimd wurde op de ûntwikkeling fan de ferskillende bern.

Learproses fan de learlingen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In basisskoalle is wetlik ferplichte om in ûnûnderbrutsen learproses te garandearjen foar elts bern. Falt in learling út dan krijt it bern faak ekstra help yn de klasse. Der wurdt faak in hannelingsplan skreaun dêr't de doelen yn steane, mei dêrby wat de ekstra help wêze sil. De learkrêft kin advys freegje fan kollega’s mar ek fan de yntern begelieder. Somtiden krijt in bern ek wol ekstra help bûten de groep. Dat wurdt faak dien troch in remedial teacher. Net alle skoallen kinne alle soarch biede dy't eins nedich is. As der ûnrêst is op in skoalle of it personeel hat net genôch ûnderfining, kieze âlden faak foar byles.

De skoalle is ferplichte om de foarderingen fan de learlingen te rapportearjen nei de âlden of fersoargers. Ornaris bart dit yn in rapportpetear of in tsien-minuten petear. Dit is petear mei de learkrêft en de âlden.

Bûten it normale lesprogramma wurde der op in soad basisskoallen bysûndere aktiviteiten organisearre, lykas:

  • Skoalreis
  • Skoalkamp
  • Ekskursjes
  • Sportdei

Ek wurde feesten lykas jierdeis, Krysttiid, Sinteklaas, Karnaval en Peaske fierd.

Der binne ferskate rjochtings yn it basisûnderwiis:

Skoalfakânsjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Basisskoallen hawwe ferskillende fakânsjes.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]