Freinetûnderwiis

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
It setten en printsjen fan teksten binne wichtich yn it Freinetûnderwiis
Troch it setten fan teksten leare de bern op in natuerlike manier lêzen
Lannen mei Freinetûnderwiis

It Freinetûnderwiis is útfûn troch Célestin Freinet.

Utgongspunten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • It bern libbet yn in sosjale omjouwing, dat jildt sawol de thússituaasje as de skoalsituaasje.

Freinet ferbynt dy situaasjes yn dy sin dat hy de sosjale striid net los sjen wol fan de pedagogyske prinsipes. De skoalle mei net opfiede en ûnderwize foar de kaptalistyske maatskippij mar hy draacht soarch foar de foarming fan krityske folwoeksenen. Freinet sjocht de skoalle as ynstrumint yn de sosjale striid. It lot fan de skoalle is ferbûn mei it lot fan de boeren en arbeiders. Underwiis is dus in middel ta maatskiplike feroaring.

  • Yn de thússituaasje wurdt it bern konfrontearre mei it libben en wurk fan de âlden, de arbeid nimt in grut plak yn it tinken en hanneljen fan de minske.

Dêrfandinne dat Freinet de arbeid as wichtichste foarmingsprinsipe hantearre. Net it spul, mar de arbeid sil it sintrale plak yn it ûnderwiis ynnimme. Dy arbeid is foar de bern gjin belesting, it moat in plezierich karakter hawwe.

De rol fan de learkrêft en fan de bern[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it hjoeddeistige Freinetûnderwiis wurde de rollen fan de learaar en de bern bepaald troch de útgongspunten en troch de yndividualiteit fan de bern.

  • It bern is in yndividu mei in eigen belibbingswrâld en ûnderfiningswrâld

It bern is sels gruttendiels ferantwurdlik foar de eigen ûntwikkeling, wat ynhâldt dat it frij kieze mei. De rol fan de learaar wurdt bepaald troch it útgongspunt fan de belibbingswrâld en ûnderfiningswrâld en troch de karfrijheid. De learaar observearret it bern en syn wrâld en skept in stimulearjende omjouwing as betingst foar in optimale kar. Hy begeliedet de keazen arbeid.

  • It bern is in sosjaal wêzen

It bern wurdt opfieden om syn mooglikheden yn tsjinst fan de oar te stellen. It draacht net allinnich ferantwurdlikheid foar de eigen ûntwikkeling, mar soarget der ek foar dat it groepsbarren goed ferrint. Foarbylden dêrfan binne de klassegearkomsten oan it begjin fan de dei en de ferantwurdlikheden (taken as it fersoargjen fan planten en bisten, it oprêden fan it lokaal). De learaar is yn dat gefal in lykweardich lid fan de klassegroep.

  • De arbeid draacht it meast by oan de foarming fan it bern

Bern en de learaar ferbliuwe gruttendiels yn in wurksituaasje. Yn dy wurksituaasje is der in soad frijheid. Der is in frije kar yn it skriuwen fan teksten. Yn prinsipe mei it bern alle mominten fan de dei oer eltse belibbenis in tekst skriuwe. Yn in soad Freinetskoallen is der in oere ynroastere om teksten te skriuwen. In echte frijheid is der dan net. Der is frije kar yn it dwaan fan ûndersyk. Der is in frije kar yn it dwaan fan kreative arbeid. Der is in frije kar yn it ynfoljen fan de dei- of wikeplanning.

Ynhâld[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Gjin skoalboeken yn de klasse seit Freinet. Boeken hawwe in gedrachsbefestigjende ynfloed en kinne dêrom net bydrage oan de foarming fan in krityske hâlding. Ek hâlde se gjin rekken mei de belibbingswrâld fan de bern. De ynhâld fan it Freinet ûnderwiis sjocht der oars út.

  • De frije teksten , dy’t de bern skriuwe, foarmje it útgongspunt fan de taallessen.

De groepsfergadering kiest in tekst út foar besprekking en fersprieding. De tekst komt op it boerd te stean wêrnei't de korreksje plakfynt. Staveringsflaters wurde sûnder wiidweidige behanneling ferbettere. De styl wurdt byskaafd. Dan folget it setten en printsjen. Nei oanlieding fan opfallende dingen of dingen dy’t echt better gean moatte stelt de learkrêft in taaloefening gear.

  • De frije teksten wurde ek brûkt by it lêsûnderwiis.

De bern lêze ferhaaltsjes dy’t se sels skreaun en setten hawwe. Se dogge der analyze- en syntezeoefeningen mei, wylst de kearnwurden yn it lokaal komme te hingjen. Sa leare de bern op in natuerlike wize lêzen. Dy wurkwize wurdt ek tapast op oare skoallen.

  • It rekenûnderwiis wurdt opboud fanút de ûnderfinings fan de bern.

De learaar tinkt der goed om oft de bern yn harren ferhalen rekkenmooglikheden oanrikke en hokker. Yn de rekkenhoeke, dêr't ferskeidene mjitynstruminten en telmateriaal gearbrocht binne, kinne de bern harren ûnderfinings mei proefkes útfine. De bern oefenje harren rekkenfeardigheden mei kaarten dy’t selskorrisjearjend binne. Se leare op in natuerlike manier rekkenjen. It automatisearjen komt letter oan de oarder.

Groepearring[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Freinetkonsept giet út fan de jierklassen. Mar guon skoallen binne ûnder ynfloed fan it Jenaplan ûnderwiis foar de stamgroepen gien. De klassegearkomste is it startpunt foar it wurkjen yn ferskillende groepearringsfoarmen. Alle dagen begjinne en einigje mei in petear dêr't alle bern oan meidogge. De bern binne om bar foarsitter. Yn de klassegearkomste praat men oer de gong fan saken foar dy dei, wurde kritike fragen en felisitaasjes fan de muorrekrante nei foaren brocht, lêze de bern teksten foar en dogge se ferslach fan útfierde ûndersiken. Nei de klassegearkomste nei oanlieding fan de dêryn makke ôfspraken wurkje de bern yndividueel of yn groepkes oan de kar dy’t se sels útsocht hawwe, dat wurdt allinnich ûnderbrutsen troch klassikale mominten. De klassikale mominten binne bygelyks it korrisjearjen fan teksten of in les fan in learaar.

Middelen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It wichtichste ding is de drukparse, dêr't de teksten fan de bern mei fermannichfâldige wurde. De bern sette en printsje de teksten sels. Ek allegear oare druktechniken wurde brûkt lykas de djipdruk. De skoallekorrespondinsje is ek in middel wat brûkt wurdt op in Freinetskoalle. De bern stjoere dan harren teksten en harren wurkjes nei in oare Freinetskoalle. En dy skoalle reagearret faaks werom. De wurkhoeken nimme ek in wichtich plak yn. Yn dy hoeken binne ferskate materialen gearbrocht. Mei dat materiaal kinne de bern sels eksperimintearje. Selsstannich ûndersyk wurdt stimulearre. De muorrekrante is in middel foar it kenber meitsjen fan de krityk, fragen en felisitaasjes fan de bern. De foarsitter bringt de ynhâld fan de muorrekrante yn de klassegearkomste nei foaren. In oar middel is de literatuer, dêrûnder gedichten. By in Freinetskoalle heart in tún. It kontakt mei de natoer is nau ferbûn mei de belibbingswrâld fan de bern. Se belibje hoe oft de planten en bisten groeie. En se wurkje mei-elkoar yn de skoalletún.

Evaluaasje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der binne twa soarten evaluaasjes. De earste is de mienskiplike evaluaasje. Dy fynt plak yn de klassegearkomsten en by it ferbetterjen fan de frije teksten en de taaloefeningen. Yn de klassegearkomste wurdt it dei- en wikeplan dat it bern makke hat om syn wurk yn te dielen evaluearre. Wat is wol bard en wat net. Dy groepsevaluaasje is faak basearre op selsevaluaasje. Ek besprekke de learaar en de bern wurkstikken en ferslaggen fan ûndersyk yn de gearkomste. De twadde is de evaluaasje troch de learaar. De learaar hâldt op spesjale formulieren de dei- en wikeplanningen en de foarderingen fan de bern by. Dat moat ek fan de ynspeksje.