Springe nei ynhâld

Berber fan Juckema

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Barbara fan Juckema)
Barbara fan Juckema (1610-1671)

Berber Ruerds fan Juckema of Barbara Ruerds fan Juckema (1610 - 1671) wie in klopke yn Haarlim fan Frysk aadlik komôf en lid fan de klopkemienskip Den Hoeck yn Haarlim.[1]

Fan Juckema wie in dochter fan Ruerd fan Juckema, út syn twadde houlik mei Barber fan Dekema. Har famylje wie begoedige. Har heit hie ûnder mear de Kammingaburch by Ljouwert, de Tsjaardastate yn Rinsumageast, it Camminghahûs yn Frjentsjer, de Orxmastate yn Menaam en it Sjaerdemaslot ek yn Frjentsjer. Dit slot waard ûnder mear troch him ferhierd oan de Frânske filosoof René Descartes.

Van Juckema fêstige har bûten Fryslân yn de Haarlimse roomsk-katolyk religieuze kloppenmienskip Den Hoeck. Yn 1642 urf hja Orxmastate nei it ferstjerren fan har heit, mar fanwege har tahâlden yn Haarlim kaam dy state yn it besit fan har healsuster, in dochter út it tredde houlik fan har heit.

Har portret waard om 1660 hinne skildere, mooglik troch Leendert fan de Cooghen. Har portret hat diel útmakke fan de kolleksje famyljeportretten op de Orxmastate. It famyljewapen Juckema soe der letter by opsetten wêze en waard der wer ôfhelle by in restauraasje yn de 20e iuw.[2] Mooglik hie se as geastlik mem de lieding fan de kloppenmienskip yn Haarlim.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Marieke Abels komt in: Tussen sloer en heilige, Utrecht, 2009/2010, side 122 op basis fan in analyze fan har portret ta de ûnderstelling, dat se mooglik om har eftergrûn en leeftiid net allinnich geastlik faam wie, mar ek de rol fan geastlik mem ferfuld hawwe kind hie.
  2. Ryksbureau foar Keunsthistoaryske Dokumintaasje Barbara van Juckema