Barbara den Uyl
Appearance
Barbara Elisabeth (Barbara) den Uyl (Amsterdam, 1949) is in Nederlânsk filmregisseur.
Den Uyl is in dochter fan PvdA-politikus Joop den Uyl en Liesbeth den Uyl-van Vessem. Sy gie nei it gymnasium en studearre Nederlânske taal en letterkunde. Dêrnjonken folge se rezjy- en spylles oan de Teäterskoalle. Se wie ynearsten leraresse, mar nei seis sleat se har oan by it linkse filmkollektyf Amsterdamsk Stedssjoernaal. Dêr wie hja yn 't earstoan wie senariste, produksje- en rezjy-assistinte. Letter makke se har eigen films.
Den Uyl waard yn lanlik bekend mei har film In naam der wet (1991), oer de dea fan kreaker Hans Kok, dy't nominearre waard foar de filmpriis Gouden Keal.
Filmografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De klimop rouwt nog steeds (2007) (oer Huis te Vraag)
- Marokko Swingt (2004) (over Najat Aâtabou)
- Engelen der liefde (2002) (oer prostitúsje)
- Onbemiddelbaar (2002) (dokumintêre oer wurkleazens dy't lange tiid duorret)
- Portretten (2000)
- Klein voor altijd (1999) (oer lytse minsken)
- Asbest, the Silent Killer (1996) (oer asbest)
- Met een zoen van de leraar (1994) (dokumintêre yn twa dielen oer it Mondriaan Lyseum)
- Poco Mosso (1993)
- In naam der wet (1991)
- Dagboek van het vergeten (1989)
- Onder het plaveisel (1987)
- Waar de ratten koning zijn (1985)
- Hoeveel uur ging u naar school? (1983) (oer in Frije skoalle)
- Chaos in de rechtsstaat (1981) (oer de Amsterdamske kreakbeweging)