Springe nei ynhâld

Barbara Stok

Ut Wikipedy
Barbara Stok yn 2014

Barbara Stok (Grins, 24 febrewaris 1970) is in Nederlânsk stripmakker en slachwurker.

Stok har strips kinne meast rekkene wurde ta it sjênre fan it autobiografysk tekenteltsje. De ferhalen beskriuwe de noeden en soargen fan in krityske frou yn de maatskippij fan no en spylje har meast ôf yn de omkriten fan har wenplak Grins. Sy ûntfong de Stripskipspriis foar har oeuvre yn 2009.

Yn 1996 joech hja in rige comics yn eigen behear út. Twa jier letter waard dizze "Barbaraal-rige" troch útjouwerij Nijgh & Van Ditmar bondele ûnder de titel, "Barbaraal tot op het bot". It album waard troch Stripschap nominearre foar bêste Nederlânske stripboek fan dat jier. De earste bondel spilet it poppoadium Vera faak in wichtige rol yn. Har twadde boek, "Je geld of je leven", wie ien fan de earste graphic novels yn Nederlân, in tekene roman. Yn dat wurk ferhellet hja yn ien tried wei troch oer de fulltime baan dy't de hie as sjoernalist/fotograaf.

Neist stripauteur is Stok ek warber as drummer. Sy spile yn ferskate bands en foarme mei har man Ricky van Duuren de trashpunk-formaasje de Straaljagers. De ûnderfinings fan de band yn in omgong yn Spanje ferwurke se ta in ferhaal yn it stripalbum "Op tour door Spanje". Yn 2010 ferskynde it printeboek "Over de levensgenieter die haar angst voor de dood wil verdrijven". Al filosofearjende oer de dea fynt Stok sa de sin fan it libben.

'Hoe't jo libje moatte? Dêr geane myn strips oer.'[1]

  • Barbaraal #1 (eigen behear, 1996)
  • Barbaraal #2 (eigen behear, 1997) - mei in single fan The Melvins
  • Barbaraal #3 (eigen behear, 1998)
  • Barbaraal tot op het bot (Nijgh & Van Ditmar, 1998)
  • Hippie! (De Plaatjesmakers, 1999)
  • Barbaraal #4 - sex, drugs & strips (Nijgh & Van Ditmar, 2000) - mei in single fan Caesar en Shellac
  • Je geld of je leven (Nijgh & Van Ditmar, 2003)
  • Nu we hier toch zijn (Nijgh & Van Ditmar, 2005)
  • Barbara weet het beter (Nijgh & Van Ditmar, 2006)
  • Op tour door Spanje (Nijgh & Van Ditmar, 2007)
  • Dan maak je maar zin (Nijgh & Van Ditmar, 2009)
  • Was iedereen maar zoals ik (Rainbow Pockets, 2009)
  • Over de levensgenieter die haar angst voor de dood wil verdrijven (Nijgh & van Ditmar, 2010)
  • Vincent (Nijgh & Van Ditmar, 2012)
  • Lang zal ze leven (Nijgh & Van Ditmar, 2013)
  • De omslag, H.N. Werkman wordt kunstenaar (Nijgh & Van Ditmar, 2015)
  • Toch een geluk (Nijgh & Van Ditmar, 2016)

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Barbara Stok, wijsgerig striptekenaar. Noorderbreedte, jiergong 34, nr. 4 2010