Bam

Ut Wikipedy
Arg-e Bam

Bam is in stêd yn de Iraanske provinsje Kerman. It is in moderne stêd mei in befolking fan likernôch 100.000 minsken en leit yn de omkriten fan de antike stêd Arg-e Bam.

Ierdskodding (2003)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 26 desimber 2003 waard Bam troffen troch in swiere ierdskodding om 01:26 UTC (5:26 lokale tiid yn Iran). De krêft fan de ierdskodding wie 6,3 op de skaal fan Richter. Goed 70% fan it moderne part fan Bam waard ferneatige, en 43.000 minsken skeaten it libben derby yn.

Yn 2004 waard Bam troch de UNESCO útroppen ta monumint op de Wrâlderfgoedlist.

Bam nei de ierdskodding (Ofbyld fan USAID)