Bagavad Gita

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Bagavad Gita
Elikser-Bhagavad Gita.jpg
oarspr. titel श्रीमद् भगवद् गीता
"Śrīmad Bhagavad Gītā"
auteur Vyāsa
taal Sanskryt
foarm poëzij
sjenre leardicht
skreaun 5e2e ieu f.Kr.
oersetting nei it Frysk
Fryske titel Bhagavad Gita
publikaasje 2012, Ljouwert
útjouwer Utjouwerij Elikser
oersetter Eric Hoekstra
ISBN oers. 978-9 08 95 44 407

De Bagavad Gita of Bhagavad Gita, yn it oarspronklike Sanskryt: श्रीमद् भगवद् गीता, Śrīmad Bhagavad Gītā (útspr.: /ˈɕɽimad̪ ˈbʱəɡəʋəd̪ ɡi:ˈt̪a:/; letterlik: "Liet fan 'e Hear"), is in sang fan 700 fersen dy't ien fan 'e wichtichste religieuze teksten fan it hindoeïsme foarmet. It makket ûnderdiel út fan it Mahābhārata, ien fan 'e beide grutte hindoeïstyske epyske gedichten. De Bagavad Gita wurdt yn 'e regel datearre tusken de fyfde en de twadde ieu f. Kr., en hat de foarm fan in lang petear fan 'e Pandava-prins Arjuna mei syn geastlike liedsman, de godheid Krṣna, oer in ferskaat fan teologyske en filosofyske kwestjes. De Fryske oersetting fan Eric Hoekstra kaam út yn 2012.

Eftergrûn[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

As ûnderdiel fan it Mahābhārata wurdt de Bagavad Gita tradysjoneel taskreaun oan 'e wize Vyāsa, dy't ek wol bekendstiet Veda Vyāsa of Krṣna Dvaipāyana. Inkeld wurdt er ek wol lykslein mei Bādarāyana, de gearstaller fan 'e Fedantasûtra's, mar dat is in fersin. Yn it Mahābhārata makket de Bagavad Gita 18 haadstikken út (Bhishma Parva 25-42), dy't mei-inoar besteane út 700 fersen, al bestiet der bewiis dat âldere manuskripten 745 fersen hiene.

In njoggentjinde-ieusk manuskript fan 'e Bagavad Gita.

Mei't de Bagavad Gita, oars as de Feda's, God (Vishnu), yn 'e foarm fan syn ynkarnaasje Krṣna, foaropstelt, hat dizze tekst de measte ynfloed hân op 'e bhakti-beweging, dy't yn tsjinstelling ta de seis otterdokse ferlossingslearen fan it hindoeïsme preket dat ferlossing te finen is yn it dielhawwen oan God. Krṣna komt hjirby nei foarren as de wichtichste manifestaasje fan God op ierde: as de Bhagavān, de heechste ferpersoanliking fan God, de Hear fan de Yoga (Yogīśvara). As ûnderdiel fan it Mahābhārata heart de Bagavad Gita ûnder de hindoeïstyske religieuze teksten ta de smṛti (oerlevering), en net ta de hilligere śruti (iepenbiering). Dochs wurdt it geskrift ek wol omskreaun as de Gītopaniṣad of Yogupaniṣad, wêrmei't ferwiisd wurdt nei de Upanisjaden ("Geheime Learen"), dy't krekt àl ûnderdiel fan 'e śruti binne. Krektlyk as guon oare lettere hindoeteksten wurdt it Mahābhārata (mei de Bagavad Gita) wol "de fyfde Feda" neamd.

Ynhâld[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it Mahābhārata ferhellet Sanjaya, de riedshear fan kening Dhritarashtra fan Kuru, nei syn weromkear fan it slachfjild oer de klimaktyske Kurukshetra-oarloch. De Bagavad Gita foarmet ûnderdiel fan dy fertelling en begjint foàr de eigentlike fjildslach, as de Pandava-prins Arjuna, de lieder fan ien fan 'e stridende partijen, beseft dat er no rjocht foar syn freonen, famyljeleden en leararen oer stiet. Untmoedige troch it foarútsjoch om tsjin harren te oarlogjen, freget er syn freon, dy't tagelyk de menner fan syn striidwein is, om rie. Dat blykt nimmen oars te wêzen as Krṣna, in ynkarnaasje fan 'e god Vishnu sels. Krṣna leit Arjuna dan syn plichten as bestjoerder en kriger út, wêrby't alderlei teologyske en filosofyske saken op 't aljemint komme, lykas de ûnstjerlike natuer fan 'e siel, de wurking fan reynkarnaasje en karma, de ljochte en tsjustere paden dy't in siel nei de dea nimme kin en de karakteristiken fan 'e almachtige en rûnombywêzige God. By einsluten freget Krṣna Arjuna om al it formalistysk neilibjen fan 'e dharma (de hindoeïstyske religieuze wet) gewurde te litten en himsels inkeld oer te jaan oan God, om sa de ultime folsleinens fan it libben te berikken.

Fragmint út 'e Bagavad Gita (haadstik 11:32).

Fryske oersetting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Bagavad Gita waard ûnder deselde titel (sij it stavere as Bhagavad Gita, mei in "h") oerset yn it Frysk en it Nederlânsk troch Eric Hoekstra, mei as ûndertitels It Liet fan God en It Boek fan de Yoga. Beide fertalings waarden yn juny 2012 yn ien bân útjûn troch Utjouwerij Elikser te Ljouwert, mei stipe fan 'e provinsje Fryslân.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Vyāsa, Bhagavad Gita: It Liet fan God, It Boek fan de Yoga / Bhagavad Gita: Het Lied van God, Het Boek van de Yoga, Ljouwert, 2012 (Utjouwerij Elikser), ISBN 978-9 08 95 44 407.
  • Fischer, Louis, Gandhi: His Life and Message to the World Mentor, New York, 1954, pp. 15-16.
  • Gandhi, Mohandas K., The Bhagavad Gita According to Gandhi, Berkeley, 2000 (Berkeley Hills Books).
  • Keus, dra C., Bhagavad Gita, Deventer, 1969 (Uitgeverij N. Kluwer N.V.), ISBN 9 02 02 45 155.

Foar fierdere sekundêre boarnen en literatuer, sjoch ûnder: Notes, References, Sources en Further reading, op dizze side.