Baarlju
Appearance
Baarlju, goedelju of fredelju wienen in soarte Midsiuwske arbiters. Yn in skeelgeding waarden dy baarlju (meastentiids geastliken) troch de partijen keazen om it geding oan in rjochterlike útspraak te ûntlûken.
De partijen wienen ferplicht foar de útspraak fan de baarlju te swarren, dat se harren útspraak as binend beskôgje soenen. Troch de gaos op rjochtsgebiet naam de baarlju-proseduere yn de Midsiuwen in belangryk plak yn, letter minder.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|